Kollum: "Emoasjes oer de neilittenskip"

25 apr 2020 - 08:22

"Adam Henson is boer. Mar net samar in boer. Hy is de soan fan Joe Henson, dy't yn it jier 1971 besleat om wat nijs te dwaan. Hy iepene syn buorkerij foar besikers. Dat die hy omdat er net in trochsneed boer wie, mar in hiele kolleksje oan bedrige bisterassen op syn pleats in plak joech. Syn kollega's ferklearren him foar gek, sa seit syn soan yn in filmke op de side fan Cotswold Farm Park.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Kollum fan Ferdinand de Jong

Wa soe no de muoite nimme om nei dy pleats súdlik fan Birmingham te reizgjen om dêr wat seldsume en nuvere skiep, bargen, hinnen, kninen, kij en geiten te besjen? Mar Joe Henson syn fernijende idee waard in grut sukses.

Tsjintwurdich binne bernebuorkerijen frijwat gewoan, dat wie yn dy tiid wol oars. Oant hjoed-de-dei ta komme kloften minsken nei de pleats fan de soan fan Joe Henson. Twa jier letter waard in Britske stifting yn it libben roppen om seldsume bisterassen te beskermjen. Joe Henson waard de earste foarsitter. Tsjintwurdich rinne der 50 beskerme rassen op de buorkerij fan de famylje Henson.

De legac... o sorry, de neilittenskip fan heit Joe Henson is yn goede hannen fan syn soan, dy't der yn de rin fan de jierren in ferneamd edukaasjeplak fan makke hat. Lamjen, skiepskeare, melke en alles dat mei buorkjen te krijen hat, is dêr te besjen en te belibjen. Krekt as op de Waadeilannen kinne je mei in trekker en wein in rûnrit meitsje en yn de kunde komme mei it ferskaat oan wyld dat op de landerijen foarkomt.

Ik folgje Adam Henson al in jier as wat. Hy docht wat ik ek graach dwaan wollen hie. Der rint ek in nuvere parallel tusken him en my. Net hielendal gelyk, mar wol mei oerienkomsten. Myn pake hie in pleats dêr't er readbûnte Fryske kij molk. Dat wie doe al in bedrige bistesoart, omdat de boeren massaal Amerikaansk bloed yn de Hollânske kij brochten om de produksje omheech te jeien. Boppedat waarden de swartbûnten mear fokt as de readen.

Pake bleau by de rassuvere readbûnten. Yn 1957, dus al fier foar de Britske stifting, waard hjir yn Fryslân de VRF oprjochte. De Vereniging Roodbont Fokkers. Myn pake waard nei de oprjochting de earste foarsitter fan dy stifting. Twa fan myn omkes en heit buorken letter ek mei readen. Heit wie de lêste der Mohikanen wat dat oanbelanget. De lêste rassuvere kij út it beslach fan heit en mem binne brûkt om it ras te rêden. No binne der wer in stik as wat mear, mar noch altyd is de Fryske Readbûnte ko in lytse soart.

Adam Henson syn krewearjen om it ferskaat oan rassen yn stân te hâlden kaam dizze wike hiel ticht by. Hy is ien fan de programmamakkers fan Countryfile, it wyklikse magazine oer hoe't Grut Brittannië mei iten en it plattelân omgiet. Troch de krisis fan no sit Cotswold Farm Park foarearst op slot. De minsken dy't der wurkje moatte ûnder strange easken de boel draaiende hâlde.

Adam Henson fertelde dit yn in speech, wêryn't er sei dat de belofte oan syn heit om de pleats troch te jaan oan nije generaasjes, op it spul stiet. Je koenen sjen dat hy der emosjoneel fan waard. De leafde foar alles dat hy fan syn heit oerkrigen hie, stiet faai, dat docht wat mei in minske. Doe't hy sei dat syn heit yn 2015 stoarn wie, moast ik ek even slokke. Myn heit is ek yn dat jier weirekke."

(advertinsje)
(advertinsje)