Liveblog | 25 april 2020

Coronanijs 25 april: "Gjin bewiis dat antystoffen helpe tsjin twadde ynfeksje"

Folgje hjir it lêste Fryske nijs oer de coronakrisis.
Lêst bywurke: 25 april 2020, 22:57
sneon 25 april 2020
22:51

Ein fan dit liveblog

Hjirby slute we it liveblog fan 25 april ôf. Noch ien kear it belangrykste nijs fan de dei op in rychje:
Snein in nij liveblog! Graach oant dan.
22:05

Universiteitsbestjoerder:

21:57

Fier helpt prostituees sûnder ynkommen oan itensbonnen

Fier Fryslân helpt prostituees sûnder ynkommen oan voedselbonnen
20:27

Mear as 200.000 besmettingen

It tal deaden oer de hiele wrâld troch it coronafirus is yntusken heger as 200.000. Dat melde it parseburo Reuters en de datawebside Worldometer.
It tal besmettingen is ynkoarten ek heger as 3 miljoen. Op it stuit binne it der 2.891.000.
18:47

WHO: gjin bewiis foar ymmuniteit

De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) hat gjin bewiis dat minsken dy't opknapt binne fan it coronafirus en antystoffen ha, ek beskerme binne tsjin in twadde ynfeksje. Yn in ferklearring warskôget de VN-organisaasje foar de útjefte fan saneamde ymmuniteitspaspoarten. Guon lannen tinke deroer nei om sa'n dokumint te jaan oan minsken dy't it firus hân ha en antystoffen yn it bloed ha.
It RIVM docht yn Nederlân ek ûndersyk nei groepsymmuniteit. De earste resultaten dêrfan soene yn maaie komme moatte, mar it folsleine ûndersyk duorret oardel jier.
16:42

Drok yn Ljouwert