Coronanijs 25 april: "Gjin bewiis dat antystoffen helpe tsjin twadde ynfeksje"

25 apr 2020 - 22:57

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Yn Fryslân binne oant no ta yn totaal 58 minsken ferstoarn oan it coronafirus, en 494 minsken binne posityf test.
  • Sportklup Cambuur promovearret net nei de earedifyzje, hat de KNVB besletten.
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
  • Sjoch op de kaart de aktuele situaasje yn dyn gemeente.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:51
Ein fan dit liveblog

Hjirby slute we it liveblog fan 25 april ôf. Noch ien kear it belangrykste nijs fan de dei op in rychje:

  • Yn Fryslân binne oant no ta yn totaal 58 minsken stoarn oan it coronafirus. Der binne 496 minsken posityf test.
  • Der lizze 959 Nederlânske coronapasjinten op de intensive care. Dat binne der fjouwer minder as in dei earder.
  • Yn it sintrum fan Ljouwert wie it drok, ta ergernis fan de hoarekaplysje.
  • Hans de Boer fan VNO-NCW warskôget dat de needstipe fan it kabinet, bedoeld om tal fan ûntslaggen foar te kommen, in kearside hat. De djipte wurdt neffens him ûnderskat.
  • Brânsjferiening Actiz ûndersiket sinjalen dat âlderein in ferhuzing nei in ferpleechhûs útstelt fanwegen it coronafirus.
  • Yn in protte soarchynstellings en ferpleechhûzen binne de beskermjende middels tsjin it coronafirus noch net yn oarder. Benammen meiwurkers yn de thússoarch fiele har sûnder de middels net feilich.
  • De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) hat gjin bewiis dat minsken dy't opknapt binne fan it coronafirus en antystoffen ha, ek beskerme binne tsjin in twadde ynfeksje.

Snein in nij liveblog! Graach oant dan.

21:57
Fier helpt prostituees sûnder ynkommen oan itensbonnen
20:27
Mear as 200.000 besmettingen

It tal deaden oer de hiele wrâld troch it coronafirus is yntusken heger as 200.000. Dat melde it parseburo Reuters en de datawebside Worldometer.

It tal besmettingen is ynkoarten ek heger as 3 miljoen. Op it stuit binne it der 2.891.000.

18:47
WHO: gjin bewiis foar ymmuniteit

De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) hat gjin bewiis dat minsken dy't opknapt binne fan it coronafirus en antystoffen ha, ek beskerme binne tsjin in twadde ynfeksje. Yn in ferklearring warskôget de VN-organisaasje foar de útjefte fan saneamde ymmuniteitspaspoarten. Guon lannen tinke deroer nei om sa'n dokumint te jaan oan minsken dy't it firus hân ha en antystoffen yn it bloed ha.

It RIVM docht yn Nederlân ek ûndersyk nei groepsymmuniteit. De earste resultaten dêrfan soene yn maaie komme moatte, mar it folsleine ûndersyk duorret oardel jier.

16:15
Minder coronapasjinten op ic

It tal Nederlânske coronapasjinten op de intensive care is 959. Dat binne der fjouwer minder as freed, doe't it foar it earst yn tiden ûnder de 1.000 wie.

Foarsitter Ernst Kuipers fan it Landelijk Netwerk Acute Zorg: "De afname van vandaag is gering, maar valt binnen de normale schommelingen. We hebben geen reden om aan te nemen dat de geleidelijke daling geheel tot stilstand komt. Het geringe verschil met gisteren wordt mogelijk deels verklaard doordat de ontslagen van de ic in het weekend wat later op de dag plaatsvinden dan doordeweeks."

15:29
'Beskermjende middels noch net yn oarder'

Yn in protte soarchynstellings en ferpleechhûzen binne de beskermjende middels tsjin it coronafirus noch net yn oarder. Dat seit NU'91, de beropsorganisaasje foar ferpleechkundigen en fersoargers. In protte ynstellingen sizze dat middels der net binne of dat de foarried beheind is, wylst soarchminister Hugo de Jonge twa wiken lyn in nije ferdielkaai bekend makke.

Ut in rûnfraach fan NU'91 blykt dat benammen meiwurkers yn de thússoarch har net feilich fiele. Dat komt trochdat beskermjende middels dêr net previntyf ynset wurde meie. Foarsitter Stella Salden fan NU'91 neamt it 'skokkend' dat op in protte plakken de middels net yn oarder binne. "Hierdoor zijn onze mensen in de frontlinie nog steeds onvoldoende beschermd. Deze beroepsgroep moet te allen tijde zijn werk veilig kunnen doen. Die beschermende middelen hadden weken geleden al op orde moeten zijn, zeker nu er zich in de verpleeghuizen een stille ramp voltrekt."

15:23
Maatregels yn begryplike taal

Stichting Lezen en Schrijven hat fideo-animaasjes yn begryplike taal makke oer de coronamaatregels. Ien op de njoggen âlden mei bern dy't nei skoalle geane, is leechlettere. Foar harren is de ynformaasje oer de coronamaatregels foar bern oant 12 jier fierstente yngewikkeld, seit de stichting.

Sa'n 2,5 miljoen folwoeksenen yn Nederlân fine it dreech om te lêzen, skriuwen en/of rekkenjen. Op de webside lezenenschrijven.nl/corona steane de fideo-animaasjes.

14:53
'Alderein mije ferpleechhûs'

Brânsjferiening Actiz ûndersiket sinjalen dat âlderein in ferhuzing nei in ferpleechhûs útstelt fanwegen it coronafirus. De ferpleechhûzen besjogge hoe grut oft de leechstân krekt is. Dat skriuwt de NOS.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)