Beppe Ingwierrum hat Harry altyd mist

25 apr 2020 - 07:22

75 jier lyn waard it Joadske jonkje Harry Leo Davids it pleechbroerke fan de beppe fan sjoernalist Thomas Sijtsma. Syn oerpake en -beppe yn Ingwierrum ferburgen it jonkje foar de Dútske besetter. Letter ferdwûn Harry út it libben fan de famylje. Thomas wist him op te spoaren yn Los Angeles. Foar de krante Het Parool beskreau hy de oarlochsskiednis fan syn famylje.

Famylje Bakker, rjochts Harry Davids - Foto: Famyljefoto

Jeltje Bakker-Woudsma, Thomas syn oerbeppe, wie tekene troch de oarloch en de earmoed yn de jierren dêrnei. Se brocht fjouwer sûne bern grut. Dochs krige se noait frede mei de gebeurtenissen koart nei de oarloch.

'Mijn overgrootmoeder - 'Beppe Ingwierrum' - vierde tot het einde van haar 97-jarige leven haar verjaardag in augustus,' skriuwt Thomas. 'De familieleden kwamen uit alle windstreken naar het noorden van Friesland om gebak bij haar te eten. Elk jaar zei ze: 'Moai dat jim hjir allegear foar my binne.' En elk jaar sprak ze dezelfde slotzin: 'Mar der mist noch wol ien.'

Thomas wist op wa't se doelde. Harry Leo Davids, it Joadske jonkje dêr't se tegearre mei har man Berend Bakker yn 'e oarloch foar soarge hie. Se seach him as har eigen soan. Harry waard in pear jier letter út it gesin weilutsen en gong nei Súd-Afrika. It kontakt waard stil, ta grut fertriet fan beppe Jeltje. It ferhaal wie in pynlik haadstik yn 'e famyljeskiednis. It wie Thomas dúdlik dat hy har dêr better gjin fragen oer stelle koe. Dêr soe se mar fertrietlik om wurde.

De lytse Harry Davids - Foto: Famyljefoto

Nei de dea fan syn oerbeppe yn 2004 wist net ien yn de famylje wêr't Harry Davids wie. Thomas syn beppe Riekje Kooyenga-Bakker ferstoar yn 2018, as lêste bern fan Berend en Jeltje. Der wie net ien mear dy't oantinkens hie oan de oarlochsjierren en it Joadske broerke Harry. Hy drige te ferwinen út it famyljegeheugen. Thomas beslute him op te spoaren, tegearre mei syn omke Harry Kooyenga, dy't by syn berte yn 1970 ferneamd wie nei Harry Davids. Riekje woe de namme fan har broerke in gesicht jaan yn de folgjende generaasje.

Thomas Sijtsma as poppe, links syn omke Harry Kooyenga - Foto: Famyljefoto

Nei lang sykjen wisten Thomas en Harry úteinlik kontakt te lizzen fia in nicht fan Harry Davids yn Amsterdam. Davids wenne yntusken yn Los Angeles en fûn it in earfolle ferrassing dat de soan fan syn pleechsus syn namme krigen hie. Hy nûge Thomas en Harry út. Hy skreau dat er nei syn pensjonearring no wurke yn it Simon Wiesenthalmuseum en it Holocaust Museum. Dêr fertelt hy it publyk wat Berend Bakker en Jeltje Bakker-Woudsma yn de oarloch foar him dien hiene.

Yn dit ynterview fertelt Harry Davids oan Karen Bies oer doe't hy yn 1968 foar it earst werom wie yn Ingwierrum:

(advertinsje)
(advertinsje)