Nij gedicht Dichter fan Fryslân op strannen fan Waadeilannen te lêzen

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries hat in nij gedicht makke, oer de coronakrisis. Unyk is dat de tekst op de strannen fan de fjouwer Fryske Waadeilannen skreaun is, en dat de kamera fan 'Fryslân fan Boppen' dat filme hat. It gedicht giet oer it isolemint dêr't in soad minsken no ynsitte. Elkenien fielt him of har, op ferskillende wize, miskien sels wol wat in eilân.
NOCH FIDEO EMBARGO SNEON Nij gedicht Dichter fan Fryslân op strannen fan Waadeilannen te lêzen
Anne en Arie

Fannacht yn in dream
bin ik it strân oprûn
Fannacht einlik in foet
út dat stille tehûs
Fannacht op it strân stie
myn SOS der samar:
Wannear Anne
kinne we wer krûpe?
It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy. Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl.