Oardel wike lang ekstra reistiid troch wurk oan spoar tusken Ljouwert en Grins

24 apr 2020 - 22:45

ProRail wurket fan freed oant moandei 4 maaie oan it spoar tusken Ljouwert en Grins. Fan freed oant en mei tiisdei ride dêrom gjin treinen tusken Bûtenpost en Grins en fan woansdei oant 4 maaie hielendal gjin treinen tusken Ljouwert en Grins. Arriva set bussen yn.

Der wurdt ûnder oare wurke oan it stasjon fan Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It wurk wurdt dien om derfoar te soargen dat der mear sneltreinen ride kinne tusken Ljouwert en Grins. Dêrfoar wurde yn dizze perioade de stasjons fan Bûtenpost, Grijpskerk en Zuidhorn oanpakt. Der komme ek mear wiksels yn it trajekt en it nije spoar moat oansletten wurde op it besteande spoar.

Ein dit jier moat de ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins ride. Dan ride der alle oeren twa stoptreinen en twa sneltreinen.

De reistiid is yn de perioade dat ProRail oan it spoar wurket langer as gewoan.

Trefwurden: 
Ljouwert trein spoar Grins ProRail
(advertinsje)
(advertinsje)