FIDEO: 'Guon Fryske museums falle mooglik om troch coronakrisis'

24 apr 2020 - 21:38

Guon museums yn Fryslân moatte mooglik definityf de doarren slute as gefolch fan de coronakrisis. Dat seit direkteur Kris Callens fan it Fries Museum yn It Polytburo.

Ek syn eigen museums, njonken it Fries Museum ek keramykmuseum Princessehof, ha bot lêst fan it feit dat se no al wiken ticht binne. No hat it Fries Museum de lêste jierren goed draaid troch suksesfolle tentoanstellings. Se ha in flinke reserve opboud, mar dochs hakt it útbliuwen fan ynkommen der op termyn behoarlik yn, seit Callens.

Dat jildt hielendal foar de lytsere museums yn Fryslân, dy't minder fet op de bonken ha. As der gjin stipe fan de oerheid komt, is net út te sluten dat guon fan harren omfalle sille.

Callens wie de fjirde gast yn de nije fariant fan It Polytburo. Yn it programma praat presintator Eric Ennema dizze perioade mei gasten út ûnder oare it bedriuwslibben, de polityk en de kultuer oer de coronakrisis.

It Polytburo - Fryslân Moarn wurdt freeds om 17.30 oere útstjoerd op Omrop Fryslân telefyzje. Dêrnei wurdt it alle oeren opnij útstjoerd nei Hea! en is it fansels ek online te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)