Marijke Groenewoud wint Aart Koopmans Memorial op Weissensee dochs

24 apr 2020 - 21:11

De winst fan de Aart Koopmans Memorial op de Weissensee komt dochs op namme fan maratonreedrydster Marijke Groenewoud fan Hallum. Se hie nei de wedstriid op 23 jannewaris in reade kaart krigen, mar de tuchtkommisje fan reedrydbûn KNSB neamt de sanksje no "ûnbegrûne".

Foto: Tims Imaging

Groenewoud wie op 23 jannewaris as earste oer de finish kaam op de Weissensee en waard ek huldige. Letter krige sy, en Carien Kleibeuker ek, in reade kaart fan de sjuery. De sjuery sei dat Groenewoud net tastiene help krigen hie fan Kleibeuker. Dy rydt foar in oare ploech. Dêrtroch waard Manon Kamminga út Haulerwyk as winneres oanwiisd.

De tuchtkommisje fan de KNSB seit no dat dy help fan Kleibeuker oan Groenewoud net bewiisd is. Dêrom giet de winst dochs wer nei Groenewoud.

Ynterview mei Groenewoud op 23 jannewaris, noch fan foardat se de reade kaart krige:

(advertinsje)
(advertinsje)