Waadhoeke jout 'benefrietje' foar fersoargingshûzen op keningsdei

24 apr 2020 - 20:44

Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Waadhoeke diele op keningsdei patat út yn de fersoargingshûzen. Mei dat 'benefrietje' wolle se bewenners en personiel in hert ûnder de riem stekke. De fersoargingshûzen krije ek in ekstra grutte fruitkoer om sels út te dielen.

Patat - Foto: Shutterstock.com

Fanwege de coronakrisis sitte de fersoargingshûzen op slot en geane de gewoane feestlikheden mei keningsdei net troch. De gemeente hopet mei de traktaasje dochs in feestlik tintsje te jaan oan de dei.

Troch de aksje wurde ek lokale ûndernimmers stipe. Sa komt de patat fan Easterbierrumer patatfabryk Lamb Weston/Meijer en alle saus en oalje komt fan it Frjentsjerter bedriuw Levo.

(advertinsje)
(advertinsje)