Bruorren út Surhústerfean krije in lintsje foar ynset foar de hurdfytserij

De bruorren Andries Jan en Engbert Minne Nieuwenhuis út Surhústerfean waarden freedtemoarn beiden ferrast mei in lintsje troch boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen. Al gie dat net hielendal neffens plan.
De bruorren Nieuwenhuis:
Nieuwenhuis
It doel wie om beide mannen út harren tún te beljen om bekend te meitsjen dat se beide ûnderskieden wurde as Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
De 72-jierrige Andries Jan krijt de ûnderskieding om't er him jierrenlang ynset hat as frijwilliger yn de hurdfytserij. Sa sette er him ûnder oare yn foar de hurdfytsrondes yn Surhústerfean en de redaksje fan it klupblêd. Andries Jan bliuwt der beskieden ûnder: "Je dogge in hiel protte dingen, mar dat dogge je mei in protte minsken. Tafallich rôlje je der sa út en krije je in lintsje, dat is hartstikke moai." Andries Jan betanket de minsken mei wa't er alle jierren gearwurke hat.
Broer Engbert Minne (70) is ek al jierren yn it spier foar de hurdfytssport. Hy wûn ferskate prizen, wie sjuerylid, mar hat bygelyks ek bydroegen oan in aksje om jild te sammeljen foar helpprojekten. Dochs hie er net tocht dat er in lintsje krije soe: "Meastal bliuw ik wat op de eftergrûn. Ik mei wol graach helpe, mar dat heart der gewoan by."

Efkes werom

Fanwege de maatregels rûnom it coronafirus kin de boargemaster de gebrûklike de gelokkigen net yn it gemeentehûs ûntfange. Dêrom gong er freed by de minsken del om se yn de tún te beljen. By Engbert Minne koe de boargemaster de telefoan yn de bûse hâlde: wylst it lytse selskip fan famylje en freonen it hiem op rint, komt Engbert ta skrik fan de boargemaster op de fyts oanriden. "Jo gean efkes werom!", gebiedt de boargemaster, wylst Engbert noch krekt net fan de fyts falt. Boargemaster Brouwer: "It boefke soe derfan troch. It komplot wie dat er mei de bern te fytsen soe, mar hy wie earder werom." De ferrassing wie der neffens Brouwer net minder om.
Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen:
lintsjes Achtkarspelen
De bruorren krije harren lintsje op in letter momint opspjelde. Andries Jan: "It is wat mear op ôfstân sa, mar wol hiel spontaan. It hie wol wat. It oare is ek moai, mar dit wie hiel bysûnder."