Sportadvokaat: stap nei de rjochter kin oantreklik wêze foar Cambuur

Is it beslút fan de KNVB om Cambuur net promovearje te litten juridysk hâldber? Neffens advokaat Bert Kingma, spesjalisearre yn sportsaken, soe Cambuur in goede saak ha as se nei de rjochter stappe tsjin it beslút. Prosedearje soe oantreklik wêze, seit Kingma.
© ANP
"Der is gjin inkelde bepaling yn de regleminten en statuten fan de KNVB hjiroer", seit Kingma. "Yn de promoasje-/degradaasjeregeling stiet dat, yn alle gefallen dêr't gjin regelingen foar binne, dat it bestjoer Betaald Voetbal beslút. Dan krijst de fraach: watfoar kritearia hat dat bestjoer Betaald Voetbal brûkt?"
It is in beslút fan it bestjoer Betaald Voetbal, sûnder dat der hiel dúdlike rjochtlinen foar binne.
Advokaat Bert Kingma
Dat de KNVB wol de Europeeske tickets ferdielt op basis fan de ranglist, seach Kingma ek. "Dan is it gek dat dêr wearde oan hechte wurdt, mar net oan de ûnderkant fan de ranglist. Dat liket wat willekeurich te wêzen. It is in beslút fan it bestjoer Betaald Voetbal, sûnder dat der hiel dúdlike rjochtlinen foar binne."
Kingma wol noch wol sjen hoe't de KNVB it beslút krekt nommen hat. "It is noch even ôfwachtsjen watfoar offisjele redejouwing it bestjoer Betaald Voetbal brûkt. Der sit altyd in mate fan willekeur yn. Se moatte útlizze wêrom't se dit in ridlike útkomst fine. Dêr kinst op syn minst fraachtekens by sette. Dan kinst dus ek prosedearje."