Mûnen moatte draaie, coronafirus of net

24 apr 2020 - 18:56

It is stil by de mûnen fan 'Stichting Molens in Menaldumadeel'. Fanwegen de coronamaatregels is publyk net wolkom by de acht mûnen dy't de stichting yn besit hat. It betsjut lykwols net dat de mûnen net draaie. "Stilstand is in dit geval echt achteruitgang", seit bestjoerslid Gilbert IJsselmuiden.

Moles moatte draaie, corona of net

IJsselmuiden is neist bestjoerslid ek frijwillich mûnder op mûne De Puollen yn Dronryp. En om it plaatsje hielendal kompleet te meitsjen wennet er der ek nochris njonken.

Neffens IJsselmuiden moatte mûnen geregeld draaie, om't se oars ferrustkje soene. Dêrom komme hy en syn kollega-mûnders ek yn dizze coronatiid yn aksje. Sunder publyk, want dy binne fanwege de coronamaatregels foarearst net wolkom. De stichting kundiget dat mei spesjale buordsjes yn de buert fan de mûnen oan.

Foto: Omrop Fryslan

Mûnedei

De nasjonale mûnedei op 9 maaie giet net troch, mar ek dan draaie de mûnen. "En dan symbolisch met een bepaalde gedachte erachter. En dat proberen we te doen met een vlag erin of met een hart en dan echt voor het publiek thuis of die er voorbijkomt. Het gevoel gewoon een hart onder de riem te steken. Van een draaiende molen wordt iedereen blij", seit IJsselmuiden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)