'Lânbou ynkrimpe goedkeapste wize om stikstofútsjit werom te bringen'

24 apr 2020 - 18:52

As Nederlân de stikstofútstjit net mei ynnovaasjes genôch werom bringe kin, dan is de goedkeapste wize troch de lânbou yn te krimpen. Dat hat it ekonomyske buro fan ING berekkene.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De lânbou stjit foar elke fertsjinne euro 8 gram stikstof út, hast fjouwer kear safolle as de gemyske sektor. De enerzjysektor komt op krekt wat minder as ien gram út. It ferkear en ferfier, dêr't neist de transportsektor ek it iepenbier ferfier en privee-auto's by hearre, binne goed foar 0,1 gram stikstof de fertsjinne euro.

Coronakrisis helpt net

Troch de coronakrisis is de útstjit sa'n 20 prosint leger, mar dat is net genôch, sizze de ING-ekonomen. Om de krityske grins foar Natura 2000-gebieten te heljen, moat struktureel de helte minder stikstof útstjitten wurde.

In mooglike wize om dat te dwaan is troch in priis te setten op stikstofútstjit. Bedriuwen soene dan ynvestearje wolle om minder út te stjitten.

Trefwurden: 
lânbou stikstof ING
(advertinsje)
(advertinsje)