KNVB-baas Gudde: klups ha gjin dúdlike kar makke

24 apr 2020 - 18:42

De KNVB hie graach in dúdliker byld oerholden oan de stimronde fan de klups oer promoasje en degradaasje. Fan de 34 klups yn it betelle fuotbal stimden 16 foar promoasje en degradaasje, 9 tsjin en 9 gjin miening. "Dat laatste telt zwaar mee", seit Eric Gudde, direkteur betelle fuotbal by de KNVB.

"Dan is onze conclusie: er is geen duidelijke signatuur uit de raadpleging naar voren gekomen", seit Gudde. "De verantwoording voor de beslissing ligt dan volledig bij het bestuur Betaald Voetbal."

En dy hat dus besletten om gjin klups promovearje of degradearje te litten. "Er zijn nog acht à negen wedstrijden te gaan. Dat is nog een dusdanig substantieel aantal, dat wij niet kunnen kiezen voor promotie en degradatie."

Yn de top fan de earedifyzje hat de KNVB wol klups oanwiisd dy't Europeesk fuotbal spylje. By Cambuur fine se dêrom dat de KNVB mei twa maten mjit. Gudde: "Bij Europees voetbal moet je keuzes maken op de ranglijst zoals die er ligt."

By promoasje en degradaasje woene se it beslút by de klups lizze, dy't dus ferdield stimden. "Er waren gemakkelijkere verhoudingen voor te stellen dan 16 voor, 9 tegen en 9 geen mening. Maar wij nemen onze verantwoordelijkheid."

(advertinsje)
(advertinsje)