Bistepark AquaZoo: "Dit kin net lang sa trochgean"

Der moat gau wat feroarje, want sûnder besikers krijt bistepark AquaZoo yn Ljouwert it de kommende tiid hiel dreech. Dat seit de direkteur fan it park, Jeroen Loomeijer. Se wolle om tafel mei Veiligheidsregio Fryslân en boargemaster Sybrand Buma om it park sa fluch as mooglik op in feilige wize wer iepen te krijen.
Bistepark Aquazoo: dit kin net lang sa trochgean
Yn AquaZoo binne se al hielendal klear foar in weriepening. It park hat in soad coronamaatregels tapast, sa't it wer besikers ûntfange kin. Sa moatte tickets online kocht wurde, binne alle betellingen yn it park kontaktleas mei de pin en rinne der spesjale rûten troch AquaZoo. Der wurdt neitocht oer spesjale 'crowdmanagers' dy't besikersstreamen kontrolearje moatte. It tal besikers dat it park yn kin, sil beheind wêze as it wer iepen giet.
In weriepening is ek wichtige needsaak want sûnder besikers kin it park net oerlibje. De kosten bliuwe wol trochgean.
Fersoarger bistepark Aquazoo © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
"Als dit zo doorgaat zullen we moeilijke besluiten moeten nemen," seit de direkteur. Loomeijer wol dan ek mei de boargemaster of Veiligheidsregio Fryslân om tafel. Sa wol er sjen litte hoefolle maatregels it park nommen hat en dat se fluch wer iepen kinne.
Foar bern dy't no net nei it park kinne wurdt alle dagen in bistesjoernaal makke. Dy kinne sa op ôfstân wat leare oer de bisten.
Mannen van Staal © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
En dêr't it iene bedriuw it dreech hat, hoecht it oare bedriuw him suver hast net oan te passen. Foar De mannen van Staal út Ljouwert is de ôfrûne tiid foarby flein sûnder grutte gefolgen.

Mannen van Staal

Fansels moat it metaalbewurkingsbedriuw wol wat rekken hâlde mei de gefolgen fan it coronafirus. Mar dat is yn de grutte hal fan it bedriuw gjin probleem. Hielendal net op freed as der mei in heale ploech wurke wurdt. Oeral steane wol pompkes mei desynfeksjemiddel. Ek yn de produksje binne maatregels nommen. En de wurknimmers moatte har goed oan alle foarskriften hâlde.
Mar benammen ek yn de kantine wurdt der goed om tocht. Sa jit direksjelid Lize Bakker, de frou fan eigener Theunis, persoanlik de kofje yn. Oars makke dat net safolle út, mar frou Bakker wol sa tafersjoch hâlde en de kofjekanne giet no troch minder hannen.
Wat de produskje oanbelanget hawwe se foar de nijbou gjin swierrichheden. Wol binne in soad opdrachten fuortfallen yn de keunstsektor. Dat fine se lykwols spitiger foar de keunstsektor sels as foar it bedriuw.