Henk de Jong: "De grutste skande yn de Nederlânske sport oait"

24 apr 2020 - 22:54

"Dit is ûnfoarstelber", seit Cambuur-trainer Henk de Jong, no't syn klup net promovearret. "Dit is de grutste skande yn de Nederlânske sport oait."

Henk de Jong:

"Op basis fan alle feiten hearre wy te promovearjen. Dat Eric Gudde (de baas fan it betelle fuotbal, red.) dan beslút om it net te dwaan, dat jout in hiel ferfelend gefoel."

Ik soe de alderbêste advokaat fan de wereld sykje en oan it wurk sette.

Henk de Jong

"We hiene it hjoed al troch", seit De Jong. "Ik wist fan 'e moarn wol hoe let it wie. Wy kinne hjir net mei akkoart gean. Ik soe hjir noait mei akkoart gean. Ik soe de alderbêste advokaat fan de wereld sykje en oan it wurk sette."

De Jong hat de hoop dus noch net opjûn: "Bist no hartstikke gek? It slacht nergens op. We moatte oplûke mei De Graafschap, dy fertsjinje it ek om te promovearjen." De Graafschap einige as twadde yn de earste difyzje, efter Cambuur.

(advertinsje)
(advertinsje)