Noorderbreedte nimt earste coronapasjinten op foar refalidaasje

24 apr 2020 - 17:10

De refalidaasje-ôfdieling fan soarchorganisaasje Noorderbreedte hat de earste pasjinten opnaam dy't opknappe fan it coronafirus. Dy minsken binne sa ferswakke troch de sykte, dat refalidaasje needsaaklik is.

Foto: Google Maps

"De mensen die bij ons zijn, kun je vergelijken met patiënten die herstellen van een ernstige longontsteking", fertelt Theo van Maaren fan Noorderbreedte Revalidatie. "Ze zijn bijvoorbeeld opgenomen geweest binnen de intensive care en langdurig beademd. Na een dergelijke ingreep is vaak longrevalidatie nodig. En er moet aandacht zijn voor rust en energieverdeling."

Pasjinten moatte dingen as rinne, sitte en slokke wer leare. Dêrneist kinne se ek psychyske problemen krije. "Bijvoorbeeld geheugenproblemen en vermoeidheid. Angst, depressie en posttraumatische stress komen eveneens voor. De revalidatie van deze patiënten vraagt om een multidisciplinaire aanpak", seit Van Maaren.

(advertinsje)
(advertinsje)