SC Cambuur promovearret net nei de earedifyzje

24 apr 2020 - 22:55

Sportklup Cambuur promovearret net. De Ljouwerters spylje takom seizoen wer yn de earste difyzje. Dat is de útkomst fan in gearkomste fan de KNVB en alle klups yn it betelle fuotbal.

Reaksjes direkteur De Graaf, trainer De Jong, oanfierder Schouten en supportersklupfoarsitter Elzinga:

Cambuur wie koprinner fan de earste difyzje, oant it seizoen troch it coronafirus stillein waard. Omdat de kompetysjes net útspile wurde kinne, moast der in oplossing komme foar ûnder oare promoasje en degradaasje.

De klups koene kieze út twa senario's dy't de KNVB foarlei: of gjinien promovearret en degradearret, of de top-twa fan de earste difyzje promovearret (Cambuur en De Graafschap) en de ûnderste twa fan de earedifyzje (ADO en RKC) degradarje.

Se ha derta besletten dat gjinien promovearret. Dat betsjut dat alle klups yn it betelle fuotbal takom seizoen wer yn deselde kompetysje spylje. It beslút wie net unanym. Sportklup Hearrenfean wegere om te stimmen.

16 foar, 9 tsjin, 9 neutraal

FC Afkicken meldt dat 16 klups foar promoasje en degradaasje stimden, 9 klups tsjin en 9 klups wiene neutraal.

Cambuur hat earder al oankundige dat se ûndersykje oft se stappen nimme kinne om sa dochs promoasje nei de earedifyzje ôf te twingjen.

Foto: www.orange-pictures.nl

"Wat een farce"

Sandor van der Heide, assistint-trainer by SC Cambuur, reagearret op Instagram op it beslút:

(advertinsje)
(advertinsje)