Kulturele sektor siket ideeën foar oardelmeterekonomy

24 apr 2020 - 16:40

Ek de kulturele sektor is dwaande mei de tariedings foar de oardelmeterekonomy. Dêrom wurdt no socht nei ideeën foar hoe't de sektor aanst wer in ympuls krije kin.

Neushoorn yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De kulturele sektor hat troch de coronakrisis grutte finansjele problemen, seit Sjoerd Bootsma, artistyk direkteur fan LF2028. "Als je alleen al weet dat Oerol rond 3,5 miljoen aan inkomsten mist dit jaar en de Terschellinger economie 19,5 miljoen, dan kun je beredeneren dat deze crisis een grote klap voor de sector en de economie is."

'We snakken naar cultuur'

Minsken ha nei de lockdown wer ferlet fan kultuer, seit Seerp Leistra, bestjoerslid fan de Grinzer stichting Beringer Hazewinkel. "Een samenleving zonder kunst en cultuur is als cola zonder prik. Na zes weken culturele lockdown snakken we naar mooie voorstellingen, concerten, festivals en tentoonstellingen. Maar we gaan voorlopig nog een schrale zomer tegemoet."

Dêrom binne no dus ideeën nedich. "Veel makers worden daar niet alleen emotioneel, maar ook financieel enorm door getroffen. Nieuwe ideeën zijn daarom hard nodig."

Minsken mei ideeën kinne dy opstjoere nei VNO-NCW Noord. It winnende idee wurdt publisearre yn Leeuwarder Courant, Friesch Dagblad en Dagblad van het Noorden.

(advertinsje)
(advertinsje)