Monumintestatus gjin beheining mear foar wenten oan de Pôlle op De Lemmer

It fabrykskompleks oan de Pôlle op De Lemmer is gjin gemeentlik monumint mear. It giet om de pannen oan de Pôlle 9a en 11, dy't better bekend binne as de Houtmolen. Lenna Vastgoed frege as eigener oft de monumintestatus ynlutsen wurde kin, sa't der wenten boud wurde kinne. Dy beheining is no fuort.
De âlde fabrykspannen fan palletfabrikant Halbertsma oan de Pôlle op De Lemmer © Gemeente De Fryske Marren
It kolleezje hopet wol dat - yn elts gefal de útstrieling - fan it kompleks bewarre bliuwe kin. Lenna Vastgoed is eigener fan it terrein en de pannen en hat tasein de mooglikheden dêrfoar te ûndersykjen.

Beheining

Eartiids wie op dit plak in wynmûne- en letter in stoomhoutseagerij, oant Halbertsma fan Grou de lokaasje ynrjochte as palletfabryk. De eigener wie al langer fan doel om der 19 iengesinswenten en 46 apparteminten te bouwen. De ferkeap fan de wenningen skode al troch, ûnder oare fanwege de monumintestatus. Dat foarme in beheining. Yn de tuskentiid fertutearze it kompleks. Koartlyn binne der noch jongelju oanholden dy't it as hingplak brûkten.

Monuminten Lemsterlân

It ynlûken fan de status koe sûnt de gemeenteried fan De Fryske Marren ein 2019 in nij monumintebelied fêststeld hat. Yn de eardere gemeente Lemsterlân binne goed 200 pannen ea gemeentlik monumint wurden. Dy binne allegearre op 'e nij beoardiele troch saakkundigen. Sa ek it kompleks oan de Pôlle. De eigener koe der dêrnei foar kieze de status te hâlden, mar ek om it falle te litten.