SC Hearrenfean wol net stimme oer promoasje en degradaasje: "Niet aan ons"

24 apr 2020 - 16:14

Sportklup Hearrenfean wol net stimme oer promoasje en degradaasje. De klups yn it betelle fuotbal moatte freed oan de KNVB witte litte hoe't it komme moat mei promoasje en degradaasje, mar Hearrenfean wegeret dat.

Foto: www.orange-pictures.nl

"De KNVB heeft kenbaar gemaakt het belangrijk te vinden om de mening van de clubs te horen om tot een democratisch besluit te komen", seit algemien direkteur Cees Roozemond op de webside fan de klup.

"Het is echter niet aan ons te beslissen over het lot van een collegaclub. Dat is niet onze rol. Wij hebben daarom niet gestemd. Wij vinden dat de bal bij de KNVB ligt wanneer het gaat over het afronden van het seizoen 2019/2020."

Klups moatte oan KNVB witte litte

De klups yn it betelle fuotbal moatte oan de KNVB witte litte oft se fine dat de nûmers 1 en 2 fan de earste difyzje (Cambuur en De Graafschap) promovearje moatte nei de earedifyzje en de nûmers 17 en 18 út de earedifyzje (ADO en RKC) degradearje, of dat der gjinien promovearret of degradearret.

(advertinsje)
(advertinsje)