Plysjewein op wei nei ûngelok bekûgele mei aaien

24 apr 2020 - 15:59

In plysje-auto is freedtemiddei bekûgele mei aaien doe't plysjes ûnderweis wiene nei in ferkearsûngelok by Ingwierrum. It is net dúdlik wa't ferantwurdlik is foar it bekûgeljen.

Foto: De Vries Media

De plysjes koene net efkes stilstean, omdat sy gau nei it ûngelok moasten. De wein is nei ôfhanneling fan de melding skjinmakke.

Botsing

By it ûngelok yn Ingwierrum rekke in persoan ferwûne. Twa auto's kamen yn botsing mei-inoar op de N358. It slachtoffer is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Beide auto's rûnen skea op en binne troch in berger fuorthelle. De plysje ûndersiket de oarsaak fan de botsing.

(advertinsje)
(advertinsje)