Jouster muzikant Jan Vermaning beneamd ta offisier yn de oarder fan Oranje-Nassau

De Jouster muzikant en dirigint Jan Vermaning ferwachte freedtemoarn net in telefoantsje fan boargemaster Fred Veenstra. Vermaning wie oan it switten op syn hometrainer, doe't der ûnferwachte famylje oanbelle. Dy woene him warskôgje om foaral de telefoan op te nimmen.
Jouster Jan Vermaning beneamd ta offisier yn 'e oarder fan Oranje Nassau
As boargemaster Veenstra him oer de telefoan lokwinsket mei syn beneaming ta offisier yn de oarder fan Oranje-Nassau is Vermaning der even ôf. "Mar dat haw ik hielendal net fertsjinne", is de earste reaksje fan de Jouster. "As je sjogge hoe hurd de minsken yn de soarch wurkje, dy fertsjinje in lintsje."
Jan Vermaning wurdt thús ferrast troch famylje © Omrop Fryslân
Mar syn eigen dochters en skoansoan sitte yn it komplot en binne it net mei him iens. Mei alles dat Vermaning út 'e wei set hat op it mêd fan de muzyk en it betinken fan de oarloch, fine sy de ûnderskieding mear as fertsjinne. Veenstra docht it him oan tiid om Vermaning te wizen op syn ferskate frijwilligersfunksjes en op it moaie dossier mei oanbefellingsbrieven dat der leit.
It lit Vermaning net ûnferskillich. "Ik bin grutbrocht mei it idee, dat je je hearre yn te setten foar de mienskip. It lintsje dat ik no krij is eins ek foar ús heit en mem en dat fyn ik in moai idee."

Betinkingskonsert

De leafde fan Vermaning foar de muzyk en syn grutte belangstelling foar de oarloch kamen byinoar yn it betinkingskonsert 'Er reed een trein naar Sobibor', in bysûndere gearwurking tusken Sobibor-oerlibbene Jules Schelvis, Jan Vermaning en it Nationaal Symfonisch Kamerorkest. It konsert waard fan 2013 en 2015 tolve kear opfierd yn Nederlân, Dútslân en Poalen en makke op de oanwêzigen in soad yndruk.
De ynternasjonale impact fan dat projekt hat der ta bydroegen dat Vermaning no beneamd is ta offisier yn de oarder fan Oranje-Nassau, tinkt ek de Jouster sels. "It is ien fan de moaiste projekten dy't ik oait dien haw, mar seker net de fertsjinste fan ien man. De ûnderskieding dy't ik no krij is eins ek in bytsje foar alle oaren dy't oan dat konsert meiwurke hawwe."
Offisier Jan Vermaning mei famylje en freonen op it gersfjild foar syn hûs © Omrop Fryslân
De telefoanyske ûnderskieding rint út op in fleurige kofjedrinkerij op it gersfjild foar Vermaning syn hûs, wêrby't de Jouster troch ferskate buorlju en foarbygongers lokwinske wurdt. It idee fan de ûnderskieding begjint dêrby stadich te besakjen.
Dat allegearre sûnder de byhearrende fersiersels op it boarst. Boargemaster Veenstra sil dy nei ferrin fan tiid opspjeldzje, sadree't de coronaregels soks talitte.
Jouster muzikant en dirigint Jan Vermaning keninklik ûnderskieden