Provinsje giet yn heger berop tsjin útspraak oer guozzeskea

24 apr 2020 - 15:38

De provinsje Fryslân giet yn heger berop tsjin seis saken dêr't boeren mei guozzeskea yn 'e mjitte kaam is. De provinsje is it net iens mei de útspraak fan Rjochtbank Noard-Nederlân fan 13 maart dit jier.

Foto: Hans Pietersma

Yn dy útspraak waard it berop fan de seis boeren grûndearre ferklearre. De seis boeren hawwe grûn bûten guozzefoerazjeargebieten.

Foar skea troch guozzen bûten foerazjeargebieten jildt in eigen risiko fan 20 prosint. De boeren wolle dit eigen risiko net betelje.

Neffens de rjochtbank hat de provinsje net goed ûnderboud wêrom't dit eigen risiko yn it generaal passend is. Ek freget de rjochtbank krekter te motivearjen oft dit eigen risiko passend is foar spesifyk dizze seis gefallen. De provinsje is it net iens mei de rjochtbank dat it eigen risiko fan alle boeren apart motivearre wurde moat.

Trefwurden: 
skea guozzen heger berop
(advertinsje)
(advertinsje)