Lûdswâl by Menaam wurdt nei sân jier dochs ôfmakke

De wurksumens oan de lûdswâl by de A31 by Menaam gean nei sân jier wer los. It oanlizzen derfan begûn yn 2008, mar waard yn 2013 stillein omdat de wâl net oan de easken foldwaan soe.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Yn 2013 die bliken dat de wâl net boud wie sa as yn de fergunning en miljeufoarskriften ôfsprutsen wie. Nei in tal rjochterlike útspraken waard yn 2018 besletten dat de wâl ôfmakke wurde mei.
Nei oerlis tusken de eigener fan de grûn, it Feanster bedriuw Grondnet, binne oanpaste plannen makke foar de bou. It wurk oan de wâl sil op 5 maaie wer los gean.