Ljouwert bliid mei ekstra ryksbydrage foar dakleazen, mar struktureel jild nedich

De 43 sintrumgemeenten yn Nederlân krije de kommende tiid mei elkoar 200 miljoen euro foar de oanpak fan de dakleazeproblematyk. Ljouwert is ien fan dy sintrumgemeenten en is bliid mei it ekstra jild. It Ryk komt ynkoarten mei in plan fan oanpak.
© ANP
Alle sintrumgemeenten ha dêr ideeën foar oanleverje kinnen. De helte fan de gemeenten kin oer in pear moannen al los mei it útfieren fan de plannen, mar dêr heart Ljouwert noch net by.
Wethâlder Hilde Tjeerdema fan Ljouwert fynt it tige de muoite wurdich om yn de dakleazeproblematyk te ynvestearjen en is bliid dat de Fryslân dêr ekstra ryksjild foar krije kin. Dochs hinget der wol in neidiel oan neffens Tjeerdema. "It giet om tydlik jild foar twa jier, 2020 en 2021. Yn ús belibbing is it echt nedich dat der in strukturele ympuls komt foar dizze problematyk."

Twa miljoen nedich

Om de strukturele projekten op poaten te setten dêr't Ljouwert en Fryslân op it stuit yn ynvestearje wol, is sa'n twa miljoen euro nedich, skat Tjeerdema yn. "It giet ûnder oare om de begelieding nei de opfang, mar ek om 'Keamers mei kânsen' dêr't jongeren mei kwetsbere thússituaasjes opfongen wurde en begelaat en coacht wurde om sa harren libben op oarder te hâlden."
Wethâlder Hilde Tjeerdema fan Ljouwert