Plysje dielt bylden fan fertochten strjitrôven by Koarnjum en Jelsum

24 apr 2020 - 15:11

De plysje siket fertochten dy't twa fytsers by Jelsum en Koarnjum oerfallen ha. De slachtoffers binne in 34-jierrige Ljouwerter en in 22-jierrige ynwenner fan Jelsum. Sy waarden ein jannewaris en heal febrewaris oerfallen doe't se op de fyts sieten.

Foto: Plysje

Yn beide gefallen lei der in tûk op it fytspaad. De Ljouwerter ried op 29 jannewaris by Koarnjum dêroer hinne, wêrtroch't syn fyts stikken gong. Op dat momint kamen minsken op him ôf, dy't syn telefoan en beurs ôfpakten. De Jelsumer fytste op 18 febrewaris yn de rjochting fan Stiens. Dêr lei ek in stik beam op it fytspaad. Hy hold op mei fytsen en doe kamen trije minsken tefoarskyn. Se mishannelen de fytser en namen ek yn dit gefal de telefoan en de beurs mei.

Stellen bankpas brûkt

De stellen bankpas fan de Jelsumer waard dêrnei brûkt by in jildautomaat yn Ljouwert. Op kamerabylden is te sjen dat trije minsken dy bankpas brûkten.

Yn deselde saak waard earder al in jonge fan 15 jier út Stiens oanholden. De plysje hat him ferheard. De jonge is wer thús, mar it ûndersyk giet fierder. De plysje hat de bylden dield en freget minsken oft se de manlju op de bylden werkenne.

Gjin oanwizing foar ferbân mei saak-Grijpstra

Yn de buert fan de strjitrôven, yn Koarnjum, waard op 23 febrewaris it lichem fan Karin Grijpstra fûn. It ûndersyk nei har dea rint noch. Neffens de plysje tinke guon bewenners dat der in ferbân is tusken har dea en de strjitrôven. De plysje hat dat ûndersocht, mar hat op it stuit gjin oanwizingen dat der in ferbân is tusken de twa saken.

(advertinsje)
(advertinsje)