CBS: Mear stjergefallen yn Fryslân yn wike 15

24 apr 2020 - 15:03

It tal stjergefallen yn Fryslân is yn wike 15 wer omheech gien. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Yn dy wike kamen 160 minsken te ferstjerren, 26 mear as de wike derfoar.

Foto: Shutterstock / Omrop Fryslân

Fryslân wykt dêrmei ôf fan de lanlike trend. Yn it hiele lân binne yn wike 15 4.937 Nederlanners ferstoarn, in wike earder wiene dat 5.068.

Yn fergeliking mei it gemiddelde fan wike 1 oant en mei 10, de tiid foardat it coronafirus yn de provinsje fûn waard, is it tal stjergefallen yn Fryslân tanaam mei 31, fan 129 nei 160.

De grutste stiging yn Fryslân wie yn Tytsjerksteradiel, dêr't 2,18 kear safolle minsken ferstoarn binne as gemiddeld. Ek yn Weststellingwerf (1,76) en Súdwest-Fryslân (1,58) wie in grutte stiging te sjen. Yn Ljouwert (0,81), Harns (0,30) en op Flylân (0,70) waarden just minder stjergefallen registrearre as gemiddeld.

Nei skatting minder stjergefallen yn wike 16

Yn wike 16 waarden oant no ta 123 stjergefallen registrearre. It CBS skat it totaal fan dy wike op 145.

(advertinsje)
(advertinsje)