OERSJOCH: Wa yn dyn gemeente hat in lintsje krigen?

24 apr 2020 - 14:00

Troch hiel Fryslân wurde freed lintsjes útrikt oan minsken dy't wat bysûnders dien of betsjut ha foar de mienskip. Der wurde dit jier 84 Friezen keninklik ûnderskieden, mear as ferline jier want doe wiene it der 72. Fanwege de coronacrisis gie it útrikken krekt efkes wat oars as oare jierren. De boargemasters ha de minsken belle en letter dit jier komt der noch in feestlike útrikking om it te fieren. Benijd wa't yn dyn gemeente in lintsje krigen hat? Sjoch dan yn it oersjoch hjirûnder.

Foto: ANP

Achtkarspelen

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

Janke Sijtske Jouwstra-Bos (75) út Twizelerheide

Jouwstra-Bos helpt in soad minsken mei stofsûgjen, boadskippen dwaan of foar de bern soargje. Se hat in soad frijwilligerswurk dien en dat docht se no noch by de tsjerke yn Twizelerheide en De Westereen en basisskoalle De Reinbôge yn Twizelerheide. Se is aktyf by de Christelijke Bond voor Plattelandsvrouwen en by de Stichting Zendingsfeesten yn Feankleaster.

Antje de Vries-Oosterhof (77) út Koatstertille

De Vries-Oosterhof is al jierren frijwilliger by ferskate organisaasjes út de regio, sa is se bestjoerslid by de toanielferiening Doarpsnocht, hat se foar de judoferiening fan Koatstertille in hiel soad dien en is se sûnt 1979 EHBO-lid en jout se EHBO-les op basisskoallen en docht se de koördinaasje fan oare frijwilligers op eveneminten.

Freerk Cornelis Windstra (67) út Surhústerfean

Windstra is mei-oprjochter fan de basketbalferiening yn Surhústerfean, hat him as frijwilliger by de nijjierskommisje fan Surhústerfean ynset en hat yn syn rol by Pleatslik Belang in hiel soad dien as foarsitter. Yn 2010 rjochte hy de website www.surhuisterveen.net op om de ienigens yn it doarp te befoarderjen en dizze side beheart hy noch altyd.

Andries Jan Nieuwenhuis (72) út Surhústerfean

Nieuwenhuis hat jierren frijwilliger west yn de hurdfytssport en hat fyftjin jier lang de redaksje fan it klupblêd foar syn rekken naam. Sawol regionaal as nasjonaal hat hy as sjuerylid en mikrofoanist dwaande west by wedstriden. Hy hat him fjirtich jier ynset foar de hurdfytsrondes yn it doarp en hy is mei-ferantwurdlik foar it tsjerkeblêd fan de Protestantse Gemeente Surhuisterveen-Boelenslaan.

Engbert Minne Nieuwenhuis (70) út Surhústerfean

Nieuwenhuis hat krekt as syn broer Andries Jan ek bestjoerlik aktyf west yn de hurdfytserij. Hy rekke fral as hurdfytser bekend en helle dêrmei meardere medaljes. Hy wie sjuerylid by wedstriden en mei-oprjochter fan de toerfytsklup. Hy hat oanset jûn foar de aksje 'Op de fyts' om jild te sammeljen foar helpprojekten yn Bangladesj en hy hat sechtjin jier lang diaken west foar de Protestantse Gemeente Surhuisterveen-Boelenslaan.

Harmen Scheepsma (84) út Surhuzum

Scheepsma is sûnt 1988 belutsen by it doarpsblêd en dêrmei ek it langst aktyf fan alle frijwilligers. Hy wurket as redaksjelid en as besoarger en distributeur fan de 475 eksimplaren. Hy wie foarsitter fan it skoalbestjoer fan de Johannes Looijenga-skoalle en hat trije perioaden sitting hân yn de 'kommisje fan behear' fan de Pypketsjerke.

Dantumadiel

Gemeente Dantumadiel dielt dit jier gjin lintsjes út.

De Fryske Marren

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

Hielke Veenstra (72) út Aldehaske

Veenstra wie foarsitter fan de basisskoalle yn Aldehaske en is frijwilliger by de útfeartferieningen yn Aldehaske en op It Hearrenfean. Hy is aktyf as frijwilliger en bestjoerslid by de tsjerke en is frijwilliger by de doarpskrante.

Henk Waterlander (68) út Sint-Nyk

Waterlander wie frijwilliger by it 4 maaie komitee yn Sint-Nyk en wie bestjoerslid/ponghâlder fan it Pleatslik Belang. Oant de dei fan hjoed is hy frijwilliger by de Bond Friese Vogelwachten en as frijwilliger en bestjoerslid by de buertferiening yn Sint-Nyk.

Ids Wijnja (74) út Skarsterbrêge

Wijna is aktyf as frijwilliger by de tennisferiening op De Jouwer. Troch syn ynspanningen is it park moai en goed ûnderhâlden. Hy is lid fan de parkkommisje en hat de soarch foar it ûnderhâld fan it klupgebou en de technyske saken. Dêrneist hat hy him ynset foar de renovaasje fan de kantine en it meubilêr.

Sabe Kracht (73) fan De Jouwer

Kracht wie aktyf as koördinator en letter ek betsjoerslid fan de Stichting OWG (OnderwijsWerkGroep). Hy wie bestjoerslid en foarsitter fan ferskate ferieningen wêrûnder de follybalferiening, de Oranjeferiening, it doarpsbelang en de doarpskrante. Hy is oant de dei fan hjoed aktyf as sekretaris fan in stúdzjefûns en as skriba fan de tsjerke op De Jouwer.

Jan Troost (70) út Wikel

Troost wie as frijwilliger wurksum by ferskate organisaasjes, sa as it basketbalbûn yn Den Haag, it Reade Krús Sikehûs yn Den Haag en de tsjerke yn Alphen a/d Rijn. Hy wie ponghâlder fan it CDA Gaasterlân-Sleat en siet yn it deistich bestjoer fan CDA Fryslân. Hy wie ponghâlder fan De Tsjerkesjongers en is foarsitter fan de tsjerkeried yn Wikel.

Tiny de Boer-Rottiné (69) út Balk

De Boer-Rottiné wie aktyf as frijwilliger by de Zendingsorganisatie Operatie Mobilisatie en by de Zondagsschool van de Baptistengemeente yn Lemmer. Se wie foarsitter fan it Reade Krús, ôfdieling Gaasterlân-Sleat en gemeenteriedslid by de âlde gemeente Gaasterlân-Sleat. Se wie bestjoerslid fan de Reumapatiëntenvereniging Súdwest-Fryslân en is no frijwilliger by it fersoargingstehûs Talma Hiem yn Balk.

Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau

Ben Hogeterp (72) fan De Jouwer

Hogeterp wie frijwilliger by de tsjerke yn Dronryp en foarsitter fan it Rypster Tsjerkekoar en it Vocaal Ensemble Cantatiblé Langwar. Hy wie inisjator, oprjochter en foarsitter fan de Stichting Joure - Laranjal do Jari. Oant de dei fan hjoed is hy frijwilliger by de tsjerke op De Jouwer en sekretaris fan it manljuskoar.

Fulco Stallman (55) út Sint-Nyk

Stallman wie inisjatyfnimmer en organisator fan in squashtoernoai yn Baarn en in golftoernoai yn Sint-Nyk. Hy wie lid fan it haadbestjoer fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW, frijwilliger by de basisskoalle yn it doarp en mei-oprjochter, ponghâlder en foarsitter fan de Stichting Water Voor Masa. Hy is al sûnt lange tiid aktyf as reserve-offisier by it Commando Landstrijdkrachten.

Lid yn de offisier fan Oranje-Nassau:

Jan Vermaning (58) fan De Jouwer

Vermaning wie aktyf as foarsitter fan in sportferiening op It Hearrenfean en as trainer en begelieder by V.V. Oudehaske. Hy wie inisjator, foarmjouwer en útfierend musikus foar it projekt 'Er reed een trein naar Sobibor' dêr't hy de Rachel Borzykowskipinning foar krige. Oant de dei fan hjoed is hy trompettist by it Noord Nederlands Orkest en is hy frijwilliger by de betinking fan gemeente De Fryske Marren fan de Stichting Nationale Herdenking.

Eaststellingwerf

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

Wiecher Nekeman (77) út Easterwâlde

Nekeman wie lid fan de frijwillige brânwacht, bestjoerslid, hierderfertsjintwurdiger en lid fan de ried fan kommissarissen by Wooncorporatie Actium. Sûnt 2006 is hy mei-oprjochter en frijwilliger fan de Voedselbank fan Eaststellingwerf.

Alfred de Vos (67) út Easterwâlde

De Vos wie ôfdielingssekretaris by FNV Houtbond, oplieder fan weimarkearring, presintator en regisseur fan Lokale Omroep Odrie en bestjoerslid en trainer by Loopsportvereniging Invictus. De Vos is al jierren foarsitter fan in shantykoar, frijwilliger en sjauffeur by St. Olmen yn Appelskea en is no sûnt twa jier útfeartmeiwurker.

Hinke Kleiker-Wolters (66) út Easterwâlde

Kleiker-Wolters is sûnt 1996 koördinator en kontaktpersoan by St. Spierziekten Nederland, regio Noarden. In jier letter waard se lid fan wurkgroep Toegankelijkheid Ooststellingwerf en sûnt 2007 is sy organisator fan de kollekte fan it Prinses Beatrix Spierfonds.

Flylân

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

Cornelis de Jong (54) fan Flylân

De Jong is al sûnt 1989 frijwilliger by de KNRM.

Dirk de Zeeuw (57) fan Flylân

De Zeeuw is al sûnt 1989 frijwilliger by de KNRM.

Willy van der Heide-Marks (70) fan Flylân

Van der Heide-Marks is frijwilliger by ferskate organisaasjes op it eilân. Sa is sy frijwilliger by it fersoargingstehûs, by de begraffenisferiening, it besikerssintrum De Noordwester, by it Reade Krús, EHBO en as ambulânsesjauffeur. Dêrneist is se bestjoerslid fan de Senioren Vereniging Vlieland.

Harns

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

Johannes Antonius Burkels (72) út Harns

Burkels is bestjoerslid fan it Centraal Comité 1945, ponghâlder, bestjoerslid en aktyf stedsgids fan Stadsgidsenteam Harns, hy is foarsitter fan in tennisferiening en koördinator fan jongereinteams en it ûnderhâld fan de akkommodaasje. Dêrneist is hy noch amtner by de Boargerlike Stân.

Christiaan Hepco Elsinga (58) út Harns

Elsinga is sekretaris fan in skoutingfûns, hy wie bestjoerslid en pr-funksjonaris fan Cultuur Historische Vereniging Oud Harlingen, dêr't hy no noch altyd adviseur is. Hy is bestjoerslid by de Stichting InzeT en wie lid fan de projektgroep Struikelstenen.

Willem Visser (67) út Harns

Visser is bestjoerslid fan it Centraal Comité 1945 en sûnt 2017 ek ponghâlder. Hy is lid fan Stadsgidsenteam Harns dêr't hy trije jier foarsitter west hat en no ek aktyf stedsgids. Hy is foarsitter fan in sjonggroep en sjongt sels ek mei oan Waadwyn en hy is lid fan de boukommisje Oud Harlingen.

Amelân

Gemeente Amelân dielt dit jier gjin lintsjes út.

Hearrenfean

Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau:

Andreas Nicolaas Bakker (57) út Terbant

Bakker is njoggentjin jier foarsitter fan in dûns- en muzykensemble, is alve jier foarsitter fan it doarpshûs en njoggen jier foarsitter en sekretaris fan de fûgelwacht.

Trijntje Tineke Bleeker (66) fan It Hearrenfean

Bleeker is al jierren aktyf by ferskate tsjerken út de regio. Se is gastfrou, deken, lektor en bestjoerslid by de Protestantse Wijkgemeente Trinitas, sekretaris by de kommisje tsjerkekonserten Hearrenfean, gastfrou fan de kommisje De Kapelle en mei-organisator fan Pylgertochten Tsjerkepaed. Dêrneist is se al acht jier begeliedster fan persoanen yn in rolstoel by de Avondvierdaagse en is se al seis jier gastfrou en publyksbegelieder by Tryater.

It echtpear Hendrik van Dalfsen (79) en Klaasje van Dalfsen-Hoekstra (78) fan It Hearrenfean

Hear Van Dalfsen wie 22 jier bestjoerslid fan in manljuskoar, 18 jier sjauffeur en sekretaris/foarsitter fan de Kliïnteried Anna Schotanus en hy wie 9 jier sekretaris fan in tsjerke op It Hearrenfean. Dêrneist is hy no al tritich jier skriba by de tsjerkeried fan it Hearrenfean en seis jier ôffurdige yn de lanlike lederied fan KBO-PCOB.

Frou Van Dalfsen-Hoekstra is al 36 jier frijwilliger by Meriant yn wensoarchsintrum Anna Schotanus.

Jan de Jager (64) fan De Knipe

De Jager wie 15 jier skiedsrjochter en beoardieler by de Koninklijke Nederlandse Korfbal Bond en tsien jier bestjoerslid fan in basisskoalle yn De Knipe. De Jager is no al 36 jier wedstriidsekretaris en foarsitter fan in kuorbalferiening.

Froukje Nijholt-de Haan (67) fan It Hearrenfean

Nijholt-de Haan hat njoggen jier mei-organisator west fan it Multiculti Festival en is no al jierren foarsitter fan de stichting Vrouwenkamer en sekretaris fan de Stichting Studenten- en Musaharproject Nepal.

Anne Offereins (77) út Akkrum

Offereins hat njoggentjin jier frijwilliger west by de Stichting Nederlandse Vrijwilligers in Gambia.

Tjalling de Vries (72) út Nijhoarne

De Vries hat goed fjirtich jier foarsitter west fan de iisklup fan Ald- en Nijhoarne en kommisjelid en frijwilliger technyk by it Flaeijelfeest. Dêrneist hat De Vries ek tolve jier lid west fan de ûnderhâldsploech fan it sportterrein fan UDIROS yn Nijhoarne.

Tjitze Wallendal (67) út Oranjewâld

Wallendal is seis jier foarsitter fan de Stichting Faderpaard en hat ek sechtjin jier ferskate funksjes hân by de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond.

Theodoor Wierda (70) fan It Hearrenfean

Wierda hat mear as fjirtich jier frijwilliger west by Talant, is dêrneist al njoggentjin jier gasthear by it oanrinhûs op It Hearrenfean, is tien jier frijwilliger by Kerkenwerk en set him al fjouwer jier yn foar de Voedselbank op It Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)