Cees Roozemond: "Ik was ervan uitgegaan dat de bond nu met een beslissing zou komen"

24 apr 2020 - 13:51

"Het is een bijzondere situatie." Dat seit Hearrenfean-foarsitter Cees Roozemond oer de gong fan saken om de stimming oer promoasje of degradaasje hinne. "Ik was ervan uitgegaan dat de bond nu met een beslissing zou komen."

Foto: Omrop Fryslân

Roozemond is op it momint fan sprekken ûnderweis nei it stadion. "Wij gaan met het managementteam zo meteen in overleg en om 14.30 uur gaan we de call in. Kijk, wij staan er wat anders in natuurlijk. Onze belangen zijn niet het grootst." Hearrenfean stiet no tsiende en hat neat mear te heljen. Mar moat no wol stimme oer promoasje fan Cambuur of net.

"Daarover gaan we nu in overleg. We moeten er voor zorgen dat we alle emotie uit deze discussie halen. En ik ga ervanuit dat we anoniem stemmen. Anders heb ik hier straks 1000 Cambuursupporters voor mijn deur staan."

Henk de Jong seit dat hy him foarstelle kin dat Hearrenfean miskien tsjin stimt út saaklik belang. "Wij gaan uit van onze eigen kracht."

(advertinsje)
(advertinsje)