MCL is finansjeel sûn, mar hat noed oer finansjele gefolgen coronakrisis

24 apr 2020 - 13:47

It Medysk Sintrum Ljouwert (MCL) hat noed oer de finansjele gefolgen fan de coronakrisis. It sikehûs kin minder pasjinten helpe, en der is noch neat wis oer in finansjele kompensaasje.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

It MCL helpt minder pasjinten, mar bliuwt wol sitten mei like folle kosten, seit bestjoerder Patrick Vink. "Naar verwachting zal het MCL in 2020 veel minder patiënten kunnen helpen, dus zijn er ook minder opbrengsten. Tegelijk zullen de kosten minstens gelijk of hoger zijn dan begroot. Er is dus een grote kans op financieel nadeel over 2020."

Fersekerders

Der binne ôfspraken makke mei fersekerders oer hoefolle soarch oft it sikehûs leverje soe, mar dêr falt no dus in grut part fan fuort. "'Voor MCL vormen die afspraken de basis van de begroting, ook om financieel gezond te worden", seit Vink. "Nu vanuit het belang van de volksgezondheid een substantieel deel van die zorg niet geleverd kan worden door de coronacrisis, is een harde toezegging van de zorgverzekeraars en VWS nodig dat onze begroting wel helemaal gedekt wordt. Anders grijpt dit fors in op de werking van ons zorgstelsel."

Goeie sifers oer 2019

MCL hie oer 2019 in posityf resultaat fan 3,5 miljoen. It sikehûs moast de ôfrûne jierren flink besparje, en rûn dêr mei it resultaat fan 2019 al mei foar op skema en woe de besparring dêrom rapper dwaan. Vink: "Op die manier kan er eerder gestart worden met gesprekken over het aantrekken van financiering voor grootschalige 'vernieuwbouw' die gepland is." Troch de coronakrisis is noch net dúdlik oft dat slagjen giet.

Trefwurden: 
Ljouwert sikehûs MCL
(advertinsje)
(advertinsje)