Henk de Jong ferwachtet promoasje: "Oars ha se foar de rest fan har libben in grut probleem yn 'e holle"

24 apr 2020 - 13:31

Henk de Jong is net te sprekken oer de kommende stimming oer promoasje fan sportklup Cambuur. "As se net stimme foar promoasje fan Cambuur, dan libje dy minsken de rest fan harren libben mei in probleem yn harren holle." Freedtemiddei wurdt it beslút oer promoasje of net ferwachte.

Henk de Jong is by it sikehûs MCL om vouchers út te dielen foar soarchpersoaniel. As hert ûnder de riem. Mar it giet ek by it MCL dochs foaral oer Cambuur. De Jong fielt de spanning. "Ik wie om 4.30 oere wekker. Wat der hjoed gebeure sil mei de klup, dat kostet in soad enerzjy kin ik dy fertelle."

Henk de Jong seach freedtemoarn in brief fan de KNVB. Dy lekte letter út. Dêr stiet yn dat de klups oanjaan moatte foar hokker senario se binne. Foar promoasje fan Cambuur en De Graafschap of net.

Foto: ANP

De Jong: "Ik nim oan dat de bestjoerders harren sûne ferstân brûke. Mar ik hie tocht dat it KNVB nei de UEFA lústerje soe. Sjen nei de ranglist en earlik hannelje. Tsja, no litte se it oer oan de klups. No wurdt it 'wa leit it bêste en wêr lizze de belangen.' As je boppeyn sjogge nei de punten en it doelsaldo en dat ûnderyn net dogge. Dan binne je net 'geloofwaardig'."

Telefyzjejilden wichtich foar beslút

Neffens De Jong giet it ek om telefyzjejilden. "Der binne miskien ek klups dy't út harren eigen belang wei tinke en net sitte te wachtsjen op promoasje fan Cambuur. Ik sil fierder gjin nammen neamme." De Jong doelt fansels op SC Hearrenfean. "Ik fyn Hearrenfean in machtige klup, ik soe it noch snappe ek as se tsjin promoasje stimme."

De Jong is net sa entûsjast mear oer de promoasje. "Fanút myn hert tink ik noch altyd 80-20 prosint yn ús foardiel. As minske. As se dat net dogge, libje dy minsken de rest fan harren libben mei in probleem yn harren holle. Mar goed, ik gean út fan it positive. Minsken sille gewoan in earlik beslút nimme. Dat wy promovearje. Dat ha we fertsjinne."

Henk de Jong oer de mooglike promoasje nei de earedifyzje

Trefwurden: 
Cambuur fuotbal earedifyzje
(advertinsje)
(advertinsje)