Fertochte stekpartij Snits sit noch altyd fêst

24 apr 2020 - 12:49

De 58-jierrige frou dy't fertocht wurdt fan it delstekken fan in 69-jierrige man yn Snits, sit noch altyd fêst. De plysje fûn de man woansdei yn in wenning oan de Brédyk yn Snits mei stekwûnen yn syn lichem.

Foto: CAMJO Media

De frou en de man wennen tegearre yn de wenning. De stekpartij is neffens de plysje in gefolch fan in sitewaasje yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
Snits stekpartij
(advertinsje)
(advertinsje)