Ynwenners Skiermûntseach wenje it tichtst by harren húsdokter

De ôfstân dy't ien ôflizze moat nei de húsdokter dy't it tichtste by is, is yn de gemeente Skiermûntseach it lytst. De eilanners hoege mar 400 meter te rinnen nei de dokter. Yn oare Nederlânske gemeenten is dy ôfstan grutter as op it Fryske eilân.
© Omrop Fryslân
Yn de gemeente De Fryske Marren is de gemiddelde ôfstân ta de húsdokter foar de ynwenners it grutst fan alle Fryske gemeenten. Mei twa kilometer is de ôfstân dêr twa kear grutter as it lanlik gemiddelde. Dit docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dy't freed ferskine.
Skiermûntseach skoart sa goed om't de bebouwing op it eilân konsintrearre is. Dêrtroch is de gemiddelde ôfstân nei de húsdokter foar measte ynwenners hiel lyts. De ôfstân op Teksel is it grutst, leafst 2,8 kilometer. Hast trije kear heger as it lanlik gemiddelde.
Op ûndersteande kaart is te sjen hoe grut oft de ôfstannen binne yn de Fryske gemeenten. Hoe grutter de sirkel, hoe langer oft de ynwenners ûnderweis binne nei in praktyk.
Gemiddeld wennet in Nederlanner dus ien kilometer fan syn húsdokter, mar de ûnderlinge ferskillen tusken gemeenten binne grut. Benammen yn tichtbefolke en tichtbeboude gebieten lykas de grutte stêden binne de ôfstannen lyts. Nei Skiermûntseach folgje dan ek de gemeenten Amsterdam, Delft, Den Haag en Leiden. Ek dêr wenje minsken faak mar in heale kilometer fan harren dokter ôf.

Ofstân sikehuzen

Gemiddeld moast in Nederlanner ferline jier hast 5 kilometer ôflizze om by in sikehûs te kommen. Fiif jier dêrfoar, yn 2014, wie dy ôfstân fergelykber. It CBS hat ek foar elke gemeente sjoen oft der ferskil is tusken 2019 en 2014. In pear gemeenten dy't opfalle, lizze yn it noardeasten fan ús provinsje.
Op Skiermûntseach, It Amelân en yn de gemeente Noardeast-Fryslân binne de ôfstannen it sterkst groeid. Yn 2014 wie yn Dokkum sikehûs Sionsberg noch iepen. No dat net mear as sikehûs yn gebrûk is, moatte ynwenners fan dizze trije gemeenten nei it MCL yn Ljouwert en Nij Smellinghe yn Drachten.
Hjirtroch is de gemiddelde ôfstân nei in sikehûs safolle grutter wurden dat Skiermûntseach, Amelân en Noardeast-Fryslân de top 3 fan de grutste stigers foarmje.