GGD: Wer twa coronastjergefallen, njoggen nije positive tests

24 apr 2020 - 12:00

GGD Fryslân meldt dat der de ôfrûne 24 oeren wer twa nije coronastjergefallen meld binne. Dêrmei stiet it oantal minsken dat yn Fryslân ferstoarn is oan de gefolgen fan it coronafirus op 58. Njoggen minsken hawwe in positive test werom krigen yn it ôfrûne etmiel. Yn totaal binne der no 485 registrearre besmettingen. Der lizze 52 minsken yn de Fryske sikehuzen, dat is fjouwer minder as in dei lyn.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

It tal besmettings leit yn Fryslân noch hieltyd leech wylst GGD Fryslân mear test, mar it tal deaden hat yn in wike tiid noch nea sa heech west. Hoe moatte wy dy sifers sjen? "We gaan mee met de landelijke trend. Ik vind het lastig om het precies te duiden. Het aantal sterfgevallen is nu ook een deelopname van wat we krijgen gemeld", seit Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by GGD Fryslân.

It liket derop dat de mienskip wat losser wurdt mei it neilibjen fan de coronamaatregels. Dat wie bygelyks te sjen by de brân tongersdei yn Ljouwert. Dêr kaam in soad folk op ôf dat net oardel meter ôfstân fan elkoar hold. Hofstra: "Het is erg onverstandig, want vooral die anderhalve meter afstand houden, is een relatief eenvoudige maatregel, die ontzettend belangrijk is om vol te houden."

Antystoffen

Bloedbank Sanquin docht ûndersyk nei it tal minsken dat al corona hân hat. Ferline wike die bliken dat mar trije persint fan de bloeddonoaren yn Nederlân antystoffen tsjin it coronafirus hat. Yn Fryslân leit dat noch leger, krekt ûnder de ien persint. "In Brabant is het 8 procent en dat is nog steeds laag. Dat betekent dat we heel goed moeten kijken welke maatregelen we kunnen versoepelen en wat dat doet met het aantal besmettingen. Als we te snel opengaan, komt er een nieuwe golf en dat wil je voorkomen. Des te meer reden om de maatregelen vol te blijven houden."

Dat minsken hjir noch net in soad antystoffen ha, is neffens Hofstra posityf om't it betsjut dat net in soad minsken hjir siik wurden binne. "Maar aan de andere kant betekent dat ook dat nog heel veel mensen ziek kunnen worden. Je moet ook kijken naar mensen die niet een hoge risciogroep zijn en van wie we weten dat ze op enig moment ziek gaan worden. Wanneer gaat dat gebeuren en hoe kun je de maatschappij op zo'n manier van slot halen dat het niet te snel gaat. Dat is een hele lastige balans."

Dosinten teste

Nei de maaiefakânsje gean skoallen wer foar in part iepen. Dosinten moatte dan ek mooglik test wurde. "We zijn druk bezig bij de GGD om dat klaar te maken. De testcapaciteit is beschikbaar. We krijgen ook veel vragen vanuit scholen, dus we kijken hoe we die zo goed mogelijk kunnen beantwoorden. Het hangt ook af van hoe het testbeleid er precies uit gaat zien vanuit het RIVM. Docenten met klachten gaan we in ieder geval laagdrempelig testen. Daar zijn we op aan het voorbereiden."

Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by GGD Fryslân

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)