ONS Snits freget degradaasje nei haadklasse oan

24 apr 2020 - 11:56

It bestjoer fan ONS Snits hat dizze wike formeel degradaasje oanfrege by de KNVB. De klup tocht der al in skoft oer nei, en nei oerlis mei de technyske kommisje en nije trainer Jan Vlap wie it beslút om frijwillich te degradearjen unanym.

Foto: Omrop Fryslân

ONS spile dit seizoen yn de tredde difyzje en like te degradearjen. Troch de coronakrisis waard it seizoen lykwols skrast en alle kompetysje annulearre. Snits hie dus opnij yn de tredde difyzje útkomme kinnen, mar wol dat om finansjele en sportive redenen net.

Al oan it tarieden op haadklasse

"Gezien de stand in de derde divisie waren we al een aantal maanden aan het "voorsorteren" op de Hoofdklasse en hebben we de spelersgroep daarop samengesteld", seit foarsitter Joan van der Veen. "Daarbij merk ik ook op dat onze financiën niet toereikend zijn voor een langer verblijf. De onzekerheid over sponsorgeld werd nog eens vergroot door de coronacrisis. Dit leek ons de enige juiste beslissing."

Mocht de KNVB de degradaasje tastean, soe ONS takom jier útkomme yn de haadklasse B. Yn dy kompetysje spilet ek vv Bûtenpost.

(advertinsje)
(advertinsje)