Plysje ûndersiket deadlik geweldsdelikt yn Toppenhuzen

De plysje docht ûndersyk nei it deadlike geweldsdelikt dat tongersdei yn Toppenhuzen barde. Dêrby kaam in 31-jierrige frou út it doarp om it libben. De plysje hat in fertochte oanholden, in 35-jierrige man út itselde doarp.
© De Vries Media
De fertochte waard koart nei it ynsidint oanholden by de wenning. Hy sit fêst en wurdt heard.
De plysje is úteinset mei in ûndersyk yn en rûnom de wenning. Der wurdt sawol forinsysk ûndersyk as buertûndersyk dien. De plysje hat fermoedens dat it om in ynsidint yn de relasjonele sfear giet.