Yn Fryslân 84 lintsjes útrikt, mear as ferline jier

24 apr 2020 - 10:31

Mei de lintsjesrein krije 84 Friezen freed in lintsje fan de boargemaster fan harren gemeente. Dat binne der 12 mear as ferline jier. Dit kear is der gjin offisjele útrikking, mar krije de minsken in telefoantsje.

Foto: Omrop Fryslân

Fan de dekorearren meie 7 minsken har tenei ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau neame en der is ien offisier yn de oarder fan Oranje-Nassau. Alle oare 76 krije de keninklike ûnderskieding Lid in de Orde van Oranje-Nassau.

De measte minsken dy't in lintsje krigen ha, binne manlju. Fan de 84 lintsjes gean der 54 nei in man en 30 nei in frou. Ek 4 minsken krije as echtpear in lintsje.

De gemeente mei de measte lintsjes is Súdwest-Fryslân, mei 17. De gemeenten Amelân en Datumadiel hawwe dit jier gjin lintsjes.

Lintsjesrein 2016 - 2020

Oantal lintsjes de lêste 5 jier
2020 84
2019 72
2018 82
2017 88
2016 92

Binne jo benijd wa't in lintsje krigen hat yn jo gemeente? Om 14.00 oere wurdt der in list mei alle gelokkigen pleatst op de webside fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
lintsjesrein
(advertinsje)
(advertinsje)