Utrikking lintsjes oars as oars troch corona: telefoantsje fan de boargemaster

Troch de coronakrisis kinne boargemasters dit jier de lintsjes net op de gebrûklike wize útrikke by de jierlikse lintsjesrein. Om de gelokkigen freed dochs yn it sintsje te setten, kinne de minsken in telefoantsje ferwachtsje fan harren boargemaster.
© ANP
Boargemaster Jannewietske de Vries fan de gemeente Súdwest-Fryslân is ien fan dy boargemasters dy't belje sille. "Wolst dochs even kontakt mei de minsken ha. Wy ha santjin minsken dy't in keninklike ûnderskieding krije en dy sil ik fan 'e moarn allegear belje."
Gewoanwei is just it moaie dat de minsken troch famylje en freonen dy't yn it komplot sitte, mei in ferlechje earne hinne lokt wurde en dat kin no net. De Vries: "Mar, se binne no mei in ferlechje by de telefoan delset, dus dêr rekkenje we hielendal op."
Boargemaster Jannewietske de Vries © Omrop Fryslân, René Koster
Oars as oars is it wol, mar der wurdt dochs besocht om der wat moais fan te meitsjen. "De minsken krije allegear in bosk blommen en we ha noch in filmke makke wêryn't ik se ek even tasprek. En dan sille we letter yn it jier, as it wer kin, in moaie byienkomst organisearje wêrby't we minsken allegear wer yn it sintsje sette kinne."
De boargemasters meie sels bepale hoe't se de lintsjes útrikke. Persoanlik by de minsken lâns gean en de blommen op ôfstân oerlangje, siet der foar De Vries net yn fanwege it hege tal dekorearren. "Foar ien oere kin ik net fan Arum nei Starum, sil ik mar sizze." Dochs is se bliid dat der yn har gemeente, kwa oerflakte de grutste fan Nederlân, wol santjin lintsjes útrikt wurde. "Dat jout wol oan dat der in hiel soad foar de mienskip dien wurdt."
Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân oer de lintsjes