FIDEO: Mei in kontenerskip troch de slûzen by Koarnwertersân: "Maar 1,5 meter speling"

24 apr 2020 - 09:00

Elke wike fart it kontenerskip 'Royaal', 100 meter lang en 12 meter breed, trije kear de rûte Harns - Amsterdam hin en wer. De bemanning, dy't troch de wike altyd op it skip is, kin de rûte wol dreame. Dochs moatte se derom tinke bliuwe, want se komme ûnderweis in tal lestige stikken tsjin, wêrûnder de slûs by Koarnwertersân. Dy is nammentlik 13,5 meter breed, dus in soad romte is der net. No't de grutte ferbouwing fan de Ofslútdyk plak hat, sil ek dit slûzenkompleks oanpakt wurde. De slûs wurdt dan tsien meter breder en dus kin de Royaal der dan maklik troch, mar safier is it noch net...

De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.

(advertinsje)
(advertinsje)