Promoasje of gjin promoasje, hoe komt it mei Sportklup Cambuur?

24 apr 2020 - 08:58

It is D-Day foar Sportklup Cambuur. Nei dagen fan yntinsyf oerlis bepaalt it fuotbalbûn KNVB freed hoe't it seizoen ôfsletten wurdt. Oft der kampioenen oanwiisd wurde, en oft der klups promovearje of degradearje. De Ljouwerters stean boppe-oan yn de earste difyzje, mei 11 punten foarsprong op nûmer trije FC Volendam.

Foto: Kern van Cambuur

Yn alle gefallen oant 1 septimber binne alle wedstriden yn it betelle fuotbal ferbean, fanwegen de coronakrisis. Dat betsjut dat it seizoen 2019/2020 net útspile wurde kin. Dêrom moat de KNVB freed ûnder oare in útspraak dwaan oer promoasje en degradaasje yn it betelle fuotbal.

'Stuur ons naar DKV-uit!'

Foar de supporters fan Cambuur is it fansels dúdlik, de klup moat promovearje. Om dat gefoel krêft by te setten ha ferskate Ljouwerters supporters tongersdei in spandoek ophongen by it haadkantoar fan de KNVB yn Zeist. Dêrop wie de tekst 'KNVB neem een wijs besluit, stuur ons weer naar DKV-uit!' te lêzen, wêrby de fans fansels foarút sjogge nei de Fryske derby tsjin de grutte rivaal fan tritich kilometer fierderop.

Earder dizze wike sei de algemien direkteur fan Cambuur, Ard de Graaf, dat hy útgiet fan it meast earlike senario en promoasje foar de klup. "Ik vind dat wij er recht op hebben want wij staan bovenaan. Als je de statistieken bekijkt dan heeft Cambuur 99% kans om sportief te promoveren, en als het niet sportief kan dan vind ik dat wij afgerekend moeten worden op de huidige ranglijst, en dus promoveren naar de Eredivisie."

Tsjinstelde belangen

Der is fansels ek noch kâns dat de KNVB beslút om it folsleine seizoen 2019/2020 neatich te ferklearjen. Dat soe betsjutte dat Cambuur takom jier wer by nul begjinne moat, en dus net promovearret. "Dat is it skrikbyld fan Cambuur. En dat makket it ek spannend. It is allegearre hiel ûndúdlik hoe't it komt," sa seit Cambuurwatcher Geert van Tuinen.

"It ferhaal giet dat de klups út it betelle fuotbal in swiere stim krije yn it hiele ferhaal fan promoasje en degradaasje. En dy klups sitte absolút net op ien line. Gean mar nei, as Cambuur en de Graafschap omheech gean, betsjut dat dat RKC en ADO Den Haag omleech gean. Dy belangen lizze net gelyk en dus kin it oerlis fan 'e middei wol efkes duorje."

Cambuurwatcher Geert van Tuinen oer de mooglike promoasje fan Cambuur

Fan healwei trijen ôf sil de KNVB in saneamde conference call hâlde mei alle klups út eare- en earste difyzje. Ut namme fan Cambuur sille de direkteuren Ard de Graaf en Gerald van den Belt dêrby it wurd dwaan.

"Wij waren sowieso gepromoveerd"

Kees Elzinga, foarsitter fan supportersferiening Kern van Cambuur, sjocht it beslút fan it fuotbalbûn mei fertrouwen temjitte: "Gezien ons spel dit seizoen, en de ondersteuning van het publiek, en de voorsprong van 11 punten, waren wij sowieso gepromoveerd. Dan kun je als KNVB niet zeggen, vergeet het maar, we schrappen het seizoen."

Kees Elzinga fan de supportersferiening Kern van Cambuur

Dochs fielt Elzinga wol wat spanning. Hy sil dan ek de hiele dei de webside fan it fuotbalbûn yn 'e gaten hâlde. Mar ek al wurde de Ljouwerters útroppen ta kampioen, in feest lykas yn 2013 (doe't Cambuur ek kampioen waard fan de earste difyzje) sil der troch de coronamaatregels net komme dit jier. "Dat is natuurlijk wel een domper op de feestvreugde. Het was toen één groot feest op de Oldehove, ik weet nog dat ik dacht dat we door het dak van de parkeergarage zouden zakken met z'n allen. Dat zullen we dit jaar helaas moeten missen."

Eins wol de fanatike supporter net tinke oan it swarte senario, dat Cambuur net promovearret: "Dan is de frustratie heel erg groot natuurlijk. Dan zullen er ook wel wat lelijke woorden vallen in Leeuwarden."

Juridyske stappen

Mocht de KNVB in beslút nimme dat neidielich is foar Cambuur dan hâldt de klup de doar iepen om nei juridyske mooglikheden te sjen, sei algemien direkteur Ard de Graaf earder dizze wike al. Oarsom hat ADO Den Haag ek al oanjûn dat as de KNVB beslút dat sy degradearje, se nei de rjochter stappe.

(advertinsje)
(advertinsje)