Kollum: "Tiger King"

24 apr 2020 - 08:49

"As de maatskippij ein 2020 fallyt is en de asyls fol sitte mei ôftanke hûnen, dan is der miskien wer ris wat sinnichs oer dizze perioade te sizzen. Wie it al in komplot fan Bill Gates en konsorten om ús folslein yn 'e macht te krijen? Ha de Sinezen it firus yn 'e wrâld brocht om úteinlik alle fallite bedriuwen op te keapjen? Of komt it dochs fan wylde bisten omdat de minske it ekosysteem fersteurt, bisten ferjeit út har natuerlike omjouwing en dat ynpikt foar eigen gewin?

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

In moai foarbyld hjirfan fyn ik de wier barde Netflix-dokumintêre 'Tiger King', dy't giet oer de media- en sjitarkgeile Joe Exotic. Hy hat in bistetún mei benammen tigers, liuwen en oare wylde katten dêr't er ek mei fokt. De lytse welpkes wurde direkt by de mem weihelle en mei de hân grutbrocht want dan binne se gau nuet en kinne se brûkt wurde om jild mei te fertsjinjen. Hiele folksstammen wolle wol mei in tigerke op 'e foto en it skynt dat yn Amearika mear tigers yn koaien libje as yn it wyld.

Carole Baskin is de grutste fijân fan Joe. Sy is de eigner fan it Big Cat Rescue-sintrum en wol minsken as Joe in ho ta roppe, wylst se neffens Joe itselde docht as him, nammentlik ek jild fertsjinje oan de bisten. Dêr komt by dat Carole troud west hat mei in fokker fan tigers, dus ek begûn is mei wylde bisten as priveebesit.

De man fan Carole wie miljonêr en sûnt hy op in dei spoarleas ferdwûn, hat sy syn fermogen erve. Joe is der dan ek wol wis fan dat se har eigen man oan 'e tigers fuorre hat. Joe en Carole meitsje elkoar it libben soer en Joe wynt der gjin doekjes om dat er har it leafste fermoardzje wol.

Der komme ek oare fokkers yn byld, lykas Doc Antle. Hy rydt op in oaljefant troch syn eigen bistetún en slacht mei in ferskaat oan froulju om dy't dei en nacht foar him wurkje en boarstfergruttings krije omdat it goed is foar de hannel. En wylst hy seksy froulju oan it wurk hat, is it personiel fan Joe meastentiids folk dat oan 'e grûn sitten hat. Ien fan harren ferliest ek noch in earm troch in tiger.

Joe is troud mei twa jonges, mar dy binne tagelyk ek net fiis fan in poeske. 'Hillbilly' John mei syn crystalmeth-gebit makket in wurknimster swier en Travis is ek gauris stoned. Hy sjit himsels by ûngelok in kûgel troch de harsens en Joe wurdt úteinlik ta 22 jier finzenis feroardiele omdat er immen opdracht jûn hat Carole út 'e wei te romjen en tigers ôfsjitten hat.

Tusken al dizze waansin binne de bisten yn te lytse koaien de dupe fan de grutte ego's fan dy minsken. Lokkich giet it yn ús lân mei de tigers net sa mâl, mar hjir binne ek noch genôch bisten yn te lytse hokken, koaien of in bench. Kninen, hinnen, bargen, hynders, fûgels, hunen; opsletten omdat it ús better út komt of we miene dat it sa heart.

Mar it heart net sa en salang't jild en ego's de wrâld regearje en bisten misbrûke, is it net sa frjemd dat we dizze situaasje oan ússels te tankjen ha en binne we krekt as Joe opsletten, mar dan yn ús eigen keninkrykje wylst we wachtsje op it 'nije normaal'. Of tinkst no datst reedlik normaal bist en sokken as Joe gek? Tink dêr dan noch mar ris goed oer nei ast bygelyks dyn byfstik út Brazilië op de barbecue smytst of dy skattige coronapup by de breafokker weihellest omdatst dy no sa ferfeelst."

(advertinsje)
(advertinsje)