Coronanijs freed 24 april: Gjin grutte besunigingen nei coronakrisis, seit Rutte

24 apr 2020 - 22:53

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Yn Fryslân binne der oant no ta yn totaal 58 minsken ferstoarn oan it coronafirus, en 485 minsken binne posityf test.
  • Der lizze 52 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen.
  • Alle basisskoallen moatte op 11 maaie wer iepen, seit it ministearje fan Underwiis.
  • Sportklup Cambuur promovearret net nei de earedifyzje, hat de KNVB besletten.
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
  • Sjoch op de kaart de aktuele situaasje yn dyn gemeente.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:45
Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog fan dizze freed 24 april ôf. Dit wie it wichtichste coronanijs fan dizze dei:

  • Yn Fryslân binne oant no ta yn totaal 58 minsken stoarn oan it coronafirus. Der binne 485 minsken posityf test.
  • Der lizze foar it earst yn tiden minder as 1.000 Nederlânske coronapasjinten op de intensive care.
  • Ferskate Fryske sikehûzen ha soargen oer de finansjele gefolgen fan de coronakrisis. Under oare it MCL en Tjongerschans ha soargen utere.
  • It kabinet hat mei gemeenten, provinsjes en wetterskippen de earste ôfspraken makke oer in mooglike finansjele kompensaasje fanwegen de coronakrisis.
  • Der komt dit jier gjin "enorme bezuinigingsronde" om it grutste begruttingstekoart bûten oarlochstiid werom te bringen, seit premier Rutte. Dat tekoart is ûntstien troch de coronakrisis.
  • Sportklup Cambuur promovearret net nei de earedifyzje, hat de KNVB besletten. De kompetysje kin troch it coronafirus net útspile wurde.
  • De ljeppersbûnen ha noch hoop dat it Frysk en Nederlânsk kampioenskip fierljeppen yn septimber plakfine kinne.

Moarn ha we wer in liveblog oer it coronafirus en alle gefolgen dêrfan.

21:12
Miljardenstipe foar KLM

It kabinet wol 2 oant 4 miljard euro útlûke om KLM troch de coronakrisis te helpen. Frankryk jout stipe oan Air France en it memmebedriuw Air France-KLM. Dêrmei krijt it konsern yn totaal 9 oant 11 miljard euro stipe.

20:22
Befeiliging freget om help

Bedriuwen yn de befeiliging en crowd management freegje it kabinet driuwend om ekstra finansjele stipe, no't harren omset hurd weromrint. Troch de maatregels tsjin de fersprieding fan it coronafirus sitte in protte bedriuwen sûnder wurk. De regelingen dy't der binne foar bedriuwen, soene net helpe, warskôget brânsjorganisaasje Vereniging Beveiligingsorganisaties Nederland.

20:08
Regeling ITGWO

It festival Into The Great Wide Open op Flylân, dat dit jier troch it coronafirus net trochgiet, jout it jild werom oan besikers dy't al kaartsjes kocht hiene. Wa't dit jier in kaartsje kocht hie, krijt foar de edysje fan takom jier as earste de kâns om in kaartsje oan te skaffen. "Met deze oplossing kunnen we hen die in zwaar weer verkeren tegemoet komen en behouden kaartkopers tegelijkertijd de mogelijkheid om hetzelfde aantal kaarten voor volwassenen voor Into The Great Wide Open 2021 te kopen."

Minsken dy't it jild misse kinne, kinne ek (in part) fan de oankeap donearje. "Hiermee worden de medewerkers die Into The Great Wide Open mogelijk zouden hebben gemaakt geholpen", stiet op de webside fan it festival.

18:15
Gjin grutte besunigingen

Der komt dit jier gjin "enorme bezuinigingsronde" om it grutste begruttingstekoart bûten oarlochstiid werom te bringen. Dat tekoart is ûntstien troch de coronakrisis. "Volgens mij gaat bezuinigen nu niet helpen", sei premier Mark Rutte.

17:13
Gjin promoasje Cambuur

De KNVB hat besletten dat der gjin promoasje en degradaasje plakfynt yn it betelle fuotbal. Dat betsjut dat Cambuur takom seizoen wer yn de earste difyzje spilet.

16:33
Jild foar regionale oerheden

It kabinet hat mei gemeenten, provinsjes en wetterskippen de earste ôfspraken makke oer in mooglike finansjele kompensaasje fanwegen de coronakrisis. In spesjaal team bringt yn kaart wat de gefolgen fan de útbraak fan it firus en de maatregels fan it kabinet binne foar de oerheden. It kabinet sjocht op koarte termyn hoe't se misrûne ynkomsten en ekstra útjeften kompensearje kin.

16:11
Hearrenfean wol net stimme

Sportklup Hearrenfean wol net stimme oer promoasje en degradaasje yn de eare- en earste difyzje. "Het is niet aan ons te beslissen over het lot van een collegaclub", seit direkteur Roozemond. "Dat is niet onze rol. Wij hebben daarom niet gestemd. Wij vinden dat de bal bij de KNVB ligt wanneer het gaat over het afronden van het seizoen 2019/2020."

16:10
Minder as 1.000 coronapasjinten op ic

Der lizze op it stuit minder as 1.000 Nederlanners mei it coronafirus op de intensive care. It binne der no 963. Dat binne der 45 minder as tongersdei.

Fan de Nederlanners mei it coronafirus op de ic's lizze der 922 yn Nederlân en 41 en Dútslân.

15:40
WHO: middelen tsjin corona foar elkenien

De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) wol de ûntwikkeling en produksje fan medisinen, tests en faksins rapper dwaan litte. De middelen yn de striid tsjin it coronafirus moatte wrâldwiid foar elkenien tagonklik wude, fynt de WHO.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)