Measte omwenners fan brân yn sintrum Ljouwert wer thús

24 apr 2020 - 06:20

De measte omwenners fan de grutte brân yn Ljouwert tongersdei koene gewoan thús sliepe. Allinnich foar de minsken dy't flak boppe de útbrânde platesaak oan de Voorstreek wenje, moast in oar plak fûn wurde. Dat seit brânwachtfoarljochter Jan Willem Zwart.

De brânwacht oan it wurk by de brân oan de Voorstreek - Foto: Kappers Media

De brân bruts tongersdei om likernôch 15.00 oere út. Goed trije oeren letter wie de situaasje ûnder kontrôle en de measte omwenners koene om 21.00 oere hinne nei hûs. Utsein de minsken yn de apparteminten boppe it bedriuwspân. "De wenningen dy't boppe it bedriuwspân sieten, binne folslein útbrând. Foar dy minsken is oar plak socht. Sy sille de kommende tiid ek earne oars wenje moatte", seit Zwart.

Smoarhjit

De brânwacht hat noch lang dwaande west mei it neidwêsten fan de brân. Zwart: "Der hat in hiel soad fjoer yn sitten. It wie in fûle brân djip yn it pân. Neffens kollega's wie it smoarhjit oan de achterkant fan it pân. Der siet noch in hiel soad hjitte yn en dat moast gewoan kuolle wurde. Mar dat is no klear. Der moat no in hiel soad barre op it mêd fan ûndersyk."

Gasliedings

De plysje hie in grut part fan de binnenstêd ofset. It grutste part is wer frijjûn, mar de strjitte foar it útbrânde gebou is noch wol ticht. Netbehearder Liander hat de dyk dêr iepen hân. "Der wiene ferskate gasliedings dy't noch iepen stiene, dy hawwe we tichtsette litten. Dêrfoar moast der groeven wurde yn de strjitte. Dus dat leit allegear op syn kop. Foar it pân del kin net, mar oan de oare kant fan de Voorstreek kinne je wol gewoan del."

Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien. By de brân rekke gjinien ferwûne.

Jan Willem Zwart fan de brânwacht

(advertinsje)
(advertinsje)