Sporter fan de Wike: judoka Sanne Vermeer

24 apr 2020 - 06:45

Sanne Vermeer is ien fan de iennige sporters yn Nederlân dy't wol bliid is dat de Olympyske Spelen dit jier net trochgean. Se hat yn novimber har hamstring ôfskuord en kin har dêrtroch net mear pleatse. No is de 22-jierrige judoka oan it refalidearjen en sochten wy har op foar de nije rige 'Sporter fan de Wike'.

Sanne wennet gewoanwei yn Arnhem, tichteby har trainingslokaasje yn Papendal. No is se wer efkes werom yn Stiens. "Ik heb hier even een soort van vakantie. Ik heb het nog druk met mijn studie en doe veel aan krachttraining, dus ben nog wel druk."

De judoka rekke fiif moannen lyn swier blessearre. Se skuorde har hamstring ôf. In blessuere dy't net folle foarkomt. "Daarom staat er voor het herstel zeven tot veertien maanden. Dat is nogal een verschil, maar het komt gewoon niet heel veel voor. Maar ik lig op schema. Over twee weken hoor ik of ik weer de mat op mag." Al is it dan fansels de fraach oft se wer oan judo dwaan mei, want op 1,5 meter ôfstân is nochal dreech.

Olympyske Spelen noch yn sicht?

Vermeer wie yn de race foar de Olympyske Spelen. Se knokte foar in plak yn Tokio mei Juul Franssen (30). Beiden stean se yn de top tsien fan de wrâld, mar troch de blessuere fan de Friezinne, is Franssen al oanwiisd troch it judobûn.

Mar no't de Spelen útsteld binne mei in jier, giet se derfan út dat se noch wol in kâns makket. "Ik dacht wel meteen, dit opent nog kansen. Voor 2021 ga ik ervan uit dat ik dan wel hersteld ben. En er komen daarna nog wel ranking-toernooien waar ik punten kan pakken. Dan ga ik ervan uit dat ik de strijd weer kan aangaan."

Franssen stiet no achtste op de wrâldranking, Vermeer 15e. Op it lêste wrâldkampioenskip wûn Franssen fan Vermeer yn de striid om in brûnzen medalje.

(advertinsje)
(advertinsje)