Oankeap blauwe hûn fan trije meter yn Burgum giet troch

23 apr 2020 - 21:22

De blauwe hûn fan trije meter yn Burgum komt der. De gemeente Tytsjerksteradiel wie al fan doel it keunstwurk foar 75.000 euro oan te skaffen, mar de VVD en de Partij voor de Boeren besochten om dat mei in moasje noch tsjin te hâlden. Se krigen wol wat stipe, mar net genôch: 17 fan de 23 riedsleden stimden tsjin de moasje.

De measte riedsleden wiene net bepaald gelokkich mei de oankeap. Jan Willem Sietsma fan it CDA joech ta dat de timing net geweldich wie. "Mar we ha ús bot ferdjippe yn it proses en kontakt hân mei it doarpsbelang fan Burgum. Der binne yn it proses gjin flaters makke."

"We ha ús kâns hân"

De oankeap wie in skoft lyn al beklonken en om dêr no op werom te kommen, dat koe net. "We ha as ried gjin foech hjiryn", sei Freddy de Haan fan de FNP. "Ik tocht sels ek dat in 1-aprilgrap wie. Mar we ha ús kâns hân."

De fraksjes fan GrienLinks en PvdA stimden ferdield. Brigitta Scheepsma fan GrienLinks sei dat se foar keunst is, mar dat dizze timing net goed is. Menno Steenland van de PvdA fûn dat ek, mar de tastimming foar it keunstwurk wie al jûn. "Dus daarom stemmen we tegen de motie."

"Moaie praatsjes"

Nynke Koopmans fan de Partij voor de Boeren wie ien fan de mei-yntsjinners fan de moasje. "We sette hjir út mei de kampanje 'koop lokaal'. Dat binne moaie praatsjes, mar der wurdt neat mei dien. It jild giet no nei 150 kilometer fierderop. Unbegryplik."

It byld, Blauwe Hond, wurdt makke troch twa keunstners út Deventer.

(advertinsje)
(advertinsje)