Alde teamfoto's socht foar jubileumboek SC Hearrenfean

23 apr 2020 - 21:17

Nei in tariedingstiid fan 1,5 jier is it jubileumboek fan SC Hearrenfean hast klear. Yn likernôch 700 siden wurdt de skiednis fan 1920 oant no ta wiidweidich beskreaun en yn byld brocht mei sa'n 1000 foto's. En dêr heakket it no noch wat, want der ûntbrekt noch in tal teamfoto's.

Foto: SC Hearrenfean

"Onze coördinator heeft ontzettend veel werk in de archieven verricht om alle karakteristieken en ook foto's boven water te krijgen, maar op één of andere manier ontbreken er in de beginperiode van het betaald voetbal", seit Hielke Biemond, ien fan de skriuwers fan it boek.

"Van de jaren 50 en 60 is een aantal teamfoto's niet te vinden. Wij hopen met deze oproep dat iemand ze nog heeft liggen." It giet om de teamfoto's fan de seizoenen 1955/1956, 1958/1959, 1962/1963, 1963/1964 en 1965/1966.

Foto's wurde ynkleure

As de foto's boppe wetter komme, wurde se ek oerset fan swart-wyt nei kleur. "Ze worden heel mooi ingekleurd door iemand uit Rusland, die daar veel ervaring mee heeft. Die heeft heel veel oude beelden, ook uit de tijd van Abe Lenstra, echt tot leven gewekt."

Minsken dy't de teamfoto's ha, kinne dy nei matty@kickuitgevers.nl ta maile.

Hielke Biemond, ien fan de skriuwers fan it boek

(advertinsje)
(advertinsje)