Slagge yn coronatiid: gjin feestjes, wol grutte blydskip

23 apr 2020 - 21:03

Alle jierren is de útslach fan de eksamens foar middelbere skoalbern in spannende dei. Dit jier krijt it troch it coronafirus ek noch in hiel oare ynfolling. Learlingen kinne gijn feestjes hâlde mei klasgenoaten wannear't se slagge binne en feestfiere yn 'e hûs is ek lestich.

Dêrby dogge alle skoallen it krekt wat oars as oars dit jier. Skoallen bepale sels wannear't se de sifers fan de learlingen bekend meitsje. Offisjeel binne se dan noch net slagge, mar mei in bytsje rekkenwurk komme se dêr wol achter.

It Piter Jelles Montessori yn Ljouwert makke tongersdei as ien fan de earste skoallen de sifers bekend. Dosint Trijntje Hofstra is de mentor fan Elke Hofstra en mocht har it nijs fertelle: "Ik kin dy fertelle datst gjin 'herkansingen' nedich hast!" Mei oare wurden: Elke is slagge.

Dochs mei de skoalle dat noch net sizze, om't alle skoallen tagelyk op 4 juny bekend meitsje meie wa't der echt slagge is. Oant dy tiid is der foar learlingen fan it Piter Jelles Montessori ek noch in twadde kâns.

Frjemde perioade

Foar Elke is de perioade sûnt it coronafirus yn Nederlân is frjemd: "Het schooljaar is heel abrupt geëindigd. Je hebt niet echt een laatste schooldag gehad. Nu hoor je ineens na je toetsweek dat je geen herkansingen hoeft te doen en dus eigenlijk geslaagd bent."

Dochs hat se der yn it meitsjen fan har eksamens net te bot lêst fan hân: "Ik wist wel op wat voor manier alles zou gaan en aan de toetsen zelf veranderde niet zoveel. Het was allemaal wel redelijk hetzelfde dus, behalve dat je het thuis moet maken."

Digitale toetsen

Dosint Trijntje Hofstra sjocht dat ek by oare learlingen: "Ik haw oan learlingen frege hoe't se it digitaal meitsjen fan de toetsen fûnen. Guon fûnen it wol fijn om it op dizze manier ta te rieden, want se hiene dochs neat oars te dwaan. No koene se wat mear yn de boeken sjen." Dochs hearde se ek wol lûden fan learlingen dy't leaver op skoalle sitten hiene.

De útslaggen fan de eksamens litte yn elk gefal net sjen dat learlingen lêst hân ha fan de situaasje. Der binne dit jier prosintueel mear slagge as foarich jier. Oft dat troch it thúswurkjen komt, is lestich te sizzen.

(advertinsje)
(advertinsje)