Fryske sikehuzen wer klear foar gewoane soarch: "Maar helemaal opschalen kan nog niet"

Friezen mei semy-akute klachten kinne wer nei it sikehûs. Der wurdt hurd wurke om de soarch wer goed berikber te meitsjen foar de minsken dy't binnen twa wiken holpen wurde moatte. In soad behannelingen dy't gjin spoed hiene, binne oan it begjin fan de coronakrisis útsteld.
Fryske sikehuzen
No't de slimste pyk yn de coronakrisis foarby liket, komt der kapasiteit frij en wolle de spesjalisten wer gewoan oan it wurk om minsken mei klachten sa gau as mooglik te helpen.

Stadichoan mear romte

"We zijn er druk mee aan het voorbereiden. Helemaal opschalen zoals voor de coronacrisis, zover zijn we nog niet," seit Erica Bakkum fan de ried fan bestjoer fan sikehûs MCL yn Ljouwert. "Dat we dat niet kunnen, heeft te maken met veiligheid. We moeten de stromen mensen gescheiden houden, dus de mensen met COVID-19 en de mensen die gewone zorg nodig hebben."
Dochs slagget it de Fryske sikehuzen om de semy-akute soarch wer beskikber te meitsjen. It giet dan om minsken dy't binnen twa wiken holpen wurde moatte.

Soargen oer thúsbliuwers

Om't de stream pasjinten mei corona yn it Noarden folle lytser is as yn it Suden, koe in part fan de akute soarch hjir gewoan trochgean. Sa ek de behanneling fan minsken mei kanker. Dochs binne der in soad soargen by de sikehûsmeiwurkers. Ut sifers docht bliken dat der gewoanwei yn in wike yn Nederlân sa'n 3.500 kear de diagnoaze kanker fêststeld wurdt en dat dat no noch mar krekt de helte is. Dat jildt ek foar minsken mei in harsenblieding.
Bakkum: "Ik roep Friezen dan ook op om met klachten direct naar de huisarts te gaan. We hebben ook overleg gehad met de Friese ziekenhuizen en ambulancevervoerders. Je ziet een terugloop, ook met ambulancetochten. Ga met klachten dus naar je huisarts. We kunnen je opvangen. Het is hier veilig en kan behandeld worden."
© Omrop Fryslân
In soad plande operaasjes binne de ôfrûne wiken ôfsein. Der wurdt no troch de spesjalisten besjoen wa't as earste holpen wurde moat. "Ze zijn bereid langer door te werken om mensen zo goed en snel mogelijk te helpen", seit Bakkum. "Maar zij moeten ook voldoende rust krijgen. We gaan kijken wat we kunnen doen en wanneer."

Finânsjes ûnder druk

Erica Bakkum hat al noed oer de finânsjes fan it MCL. In part fan de ynkomsten is de ôfrûne wiken fuortfallen. Bakkum: "Kijk, het allerbelangrijkste is dat de gezondheidszorg voorop staat. Dus de zorg aan COVID-patiënten, die moet gewoon goed zijn. Maar het is ook geen geheim dat het MCL er financieel niet goed voorstond. We waren de afgelopen tijd goed op weg om weer financieel gezond te worden. Maar de zorg staat voorop."
It sikehûs is dêroer hieltyd yn petear mei de soarchfersekerders. "Wij hebben zorgen, maar er ook vertrouwen in dat het goedkomt."