Drege tiden foar Fryske hoarekabedriuwen, mar ek kreative inisjativen

23 apr 2020 - 19:50

Tsientallen hoarekabedriuwen geane dizze moanne fallyt. Dat ferwachtet it hoarekabûn Fryslân. Kroegen en restaurants moatte noch wiken tichtbliuwe en dat is foar in protte ûndernimmers net mear fol te hâlden. Oaren besykje fan alles om dochs noch wat te fertsjinjen.

Hoareka-ûndernimmers binne bot teloarsteld yn it boadskip dizze wike fan premier Rutte. Oant 20 maaie moatte se ticht en bliuwe de terrassen leech. By it hoarekabûn hawwe tsientallen ûndernimmers oanjûn dat it no ophâldt.

Op de Nijstêd yn Ljouwert soene op sa'n moaie dei as tongersdei de terrassen folsitte, mar dat mei no net. Guon ûndernimmers binne kreatyf wurden om dochs noch wat jild te fertsjinjen. Sa ferkeapet restaurant Roast kofje en sapkes op strjitte. Dêrby moatte de feilichheidsmaatregels wol folge wurde.

Ek kafee De Dikke van Dale hat wat nijs betocht. Om't je it bier net binnen drinke meie, kinne je in spesjaal pakket bestelle en thús besoargje litte. Mar it is uteinlik wol te min om fan te libjen.

Harkje nei in reportaazje fan ferslachjouwer Auke Zeldenrust

(advertinsje)
(advertinsje)